Fertocht

In reafallich man plakt by my op it terras del, as hienen we it plak en tiidstip ôfpraat. Yn ’e mûle fan de keale sechtiger hinget in eintsje sigaret. At er de blik yn myn eagen sjocht, sjit er de peuk fuort. Grimmitige fonken spatte as fjoerwurk alle kanten út.
‘Jûn,’ seit er. It soe in fertsjinwurdiger wêze kinne. Net ferlegen om in prater draai ik wat by him wei. Hy snapt it boadskip net.
‘Dus ek útfanhûs?’  De stilte is definityf ferballe.
‘Op trochreis,’ antwurdzje ik út fatsoen. 
‘Mei de fyts?’
Hy hat it sjoen, ik kin der net omhinne. Ik knik. It sit him blykber heech.
‘Wêrom?’
‘Om fan a nei b te kommen!’ sis ik iiskâld. Dat sinnicht him net.
‘Of ha jo net in auto?’
‘Nee!’ Der begjint him wat te daagjen.
‘Ek net in rydbewiis?’
‘Nee.’ Myn status aparte as fytsreizger is in feit. It opmerklike gegeven wurdt yn stilte ferwurke. Wat doelleas siket er yn syn bûsen om. ‘O...’, reagearret er wat oan ’e lette kant, ‘dat heart men net faak.’ It oardiel yn de toan ûntkomt my net. Ik bin net allinnich nuver, mar ek fertocht. Ik dooch net!
‘Hoe is it mooglik!’ seit er skamper.   
Ik lûk ûnferskillich oan ’e skouders en heakje der kalm op yn: ‘It komt wol faker foar hear, ik kom se geregeld tsjin.’
‘Wa?’
‘Minsken dy’t net in rydbewiis ha.’
‘Dat sil wol!’ 
Ik krij aardichheid oan it petear. ‘Fytse is hartstikke sûn’, sis ik op dokterstoan. It bliuwt gefaarlik stil. ‘Bekeurings foar fout parkeare en te hurd ride bin ik ek moai frij fan.’ Hy giet allinnich wat fersitten. ‘In fyts lit jin ek noait stean!’
‘Benzine tanke hoecht ek net, tink?’ hapt er ynienen.
‘Ha je it yn ’e gaten? Noait in lege tank!’
‘Hm...’
‘En fytse kostet net in sint wegebelesting!’  
De eagen fan de man wurde lytser. Yn it lêste ljocht fan ’e dei liket it as lûkt it fel fan syn holle hielendal strak.
‘Mar de fytspaden wurde wol moai fan myn belestingjild betelle,’ byt er my ta.
‘Ha jo der dan neat foar oer om minder lêst fan fytsers te ha?’ Hy heart it net, sjocht stoef yn ’e lege skimer.
‘Nuver spul soks’, foetert er dan, ‘wol de baten mar net de lêsten. Dêr soenen se wat oan dwaan moatte!’ Warskôgjend stekt er in finger omheech. ’Fytsers binne altyd in gefaar op ’e dyk’, driget er, ’foar in oar en net minder foar harsels!’
‘Auto’s binne libbensgefaarlike projektilen’, smyt ik him foar de fuotten, útsein at se yn ’e file stean fansels.’
Hy sjocht my oan as wie ik it ferstân kwytrekke. Triomfantelik set ik it betooch troch.
‘Sûnder auto’s is fytse de feilichste manier fan reizgjen. Ha je dêr wol ris by stilstien? Jou my mar in fyts. Mei de fyts kinst oeral komme, boppedat kin ik him altyd wol ergens fergees kwyt. Tink jo dat ris yn, oeral frij parkeare, dat hat der mei in auto wolris oan, of net?’
It fjoer dêr’t de man triljend in sigaret mei opstekt ljochtet yn it healtsjuster syn holle meunsterlik op.
‘Wat tinke jo eins, dat je my wat wiis meitsje kinne’, blaft er troch de reek hinne. Muoisum heisteret er de lea omheech, wylst er skichtich nei it hotel ta sjocht. ‘Kom’, seit er wat mylder, 'it is al wer let genôch! Ik sil nei de frou.’
De frustraasje is noch net saksearre. In hiel referaat oer fierstente djoere benzine en it kwartsje fan Kok moat er ek noch kwyt. ‘En dy smoarge euro hienen we ek noait ha moatten!’ is it lêste wat er seit. Dan set er ôf.

Op 'en paad



Op ´en paad yn maaie, 
dan is it grien it grien sa nei, 
by de hûnestangen del.

Kikkerts kloatsje, wetter blikkert, 
fûgels kliuwe út it skaad wei,
hynstebiters binne fel.

En dy hagetoarnen, wite apoteoaze, wiskjend symboal frij 
fan bestoarne kjeld.

Op ´en paad yn maaie, 
omfierrens, suver ljocht sa’n dei, 
libben yn in lichte trêd.

Mar wurdt it in moaie simmer? 
Men wit it net, men wit it net!