Oh oh oh

‘It is in aardichheid.’
‘Wat?’
‘Dit boekje yn ’e âlde Fryske stavering.
‘Fan wa dat?’
‘Fan de kringloopwinkel, foar fyftich sint.’
‘Nee, ik bedoel, welke skriuwer?’
‘Fan Anne Wadman.’
‘Wadman? Noch noait fan heard.’
‘De smearlappen hjit it, in lytse roman út 1963.’  
‘Dat is fier foar myn tiid pake. Wie der doe ek net in alvestêdetocht?’
‘Presiis en Kennedy waard yn dat jier ek deasketten. John. F. Kennedy, de presidint fan Amearika!’
‘Ja, ja, dat wit ik, wachtsje, dat googelje ik even.’
‘Doch dat jonge, at it ferstân der mar net fan te lijen hat.’
‘Samar klear, sjoch ris oan: 1963. Poepoe, in heftich jier! Alleman fan Bert Haanstra wie in grut sukses. Hat pake dy film ek sjoen? En hjirre, de Beatles brekke troch.
‘It is ek sa, mei She loves you, tink?’
‘Yeah, yeah, yeah pake, dat ken ik ek, fet nûmer, sil ik it even op YouTube opsykje? Ik bin gek op dy âlde filmkes.’
‘Toe mar jonge, lit mar ris sjen, it wie in moaie tiid, de muoite tige wurdich. Soest dat boek fan Wadman ek ris lêze moatte.’
‘Lêze?’
‘Ja lêze, wurden op papier witst wol, tekst, krekt as op dyn kompjûterskerm, moatst fansels wol út in troch in blêdside omslaan!’
‘Och pake ik...’
‘It is mar in tin boekje, hear, noch gjin hûndert siden, dêr wurdst net wurch fan.’
‘Stean der plaatsjes yn?’
‘Nee, wol byldzjend beskreaune taferielen oer seks en sa, dat kinsto dy net yntinke, mar dat joech doe hiel wat opskuor, lykas it lange hier fan de Beatles.’
‘Seks? Jemich pake, wurdt der yn dat boek neukt?’
‘Dat wurd brûkten skriuwers doe noch net, mar dêr komt it wol op del.
‘Tsjong, en it is in Frysk boek?’
‘Ja, wat tochtsto, yn Fryske boeken wurdt ek... dogge de minsken der ek oan. Mochtst it boekje wol meinimme of kinst gjin Frysk lêze?’
‘Euh... jawol, ja, dat tink ik wol, mar yn dy âlderwetske stavering? Dat soe wolris dreech kinne wurde.
‘Wurde kinne - silst bedoele, dus do begjinst der net oan?’
‘Sjoch hjir pake, Bob Dylan mei The answer is blowing in the wind, ek út ’e foarige ieu.’
‘Jonge, jonge, ja, dat heucht my ek noch skoan, mar it is gjin antwurd op myn fraach.’
‘Bêst genôch pake, ik nim it boekje aansens mei, mar ik beloof neat.’
‘Soest der oars noch wol wat fan opstekke kinne.’
‘Fan it n... eh ik bedoel fan de seks?’
‘Fan de Fryske taal blinder! Tûzenen boeken binne der fan ferkocht, it fleach de winkel út.
‘Wêr giet it ferhaal eins oer?’
‘Oer in gleon fanke, dy’t it net sa nau stekt mei de seden en wat al te maklik mei manlju omslacht.’
‘In willich dinkje, dus.’
‘Gjin hôf fan deugd, nee. De jonges witte har túntsje wol te finen.’
‘Wauw, krekt as dy froulju yn Oh oh Cherso.’
‘O, o, wat?’
‘In fet populêr televyzje programma oer feestjende fakânsjejeugd op Kreta. Sil ik in filmke op YouTube sjen litte?’
‘Giet it dêr dan sa mâl om wei? Der wurdt dochs net yn neukt wol?’
‘Nee pake, sit der mar net oer yn, op ynternet dogge se net oan seks.’
‘Gelokkich, lit dat joeptoepen fierder dan mar gewurde, jou my mar in Frysk boek.