boeken








Letters sykje iepen eagen,
sûnder krije se gjin gesicht
om sinnen te ferwurdzjen
dêr’t de ferbylding yn sit.

Letterrigels jouwe de mûle
en de holle doel mei taal
dy’t foar himsels sprekt 
en ferheljend lûd hearre lit.

Letters wolle boeken wurde
fol leven en yn it libben stjoer
jaan oan it dreamend tinken.

Boeken lettere troch ynhâld
ha in eigen miening, fan lege
siden kin de lêzer net bestean.


spoaren

De grûnfêster

It wie ynmoed,
doe’t er feech nei feech
mei wisse kontoeren
syn grûnspoaren
yn de ferve striek.

It wie kriich,
doe’t er laach nei laach
beploege ierdetoanen
as oergroede
op it doek oanbrocht.

It wie in striid,
doe’t er kear op kear
mei wer in selsportret
foar de spegel
de twivel yn eagen seach.

It wie fermogen,
doe’t er streek nei streek
it fjoer út de foegen
fan syn wiffe wêzen
oplôgje litte koe.

Hy hie it yn ’e macht,
doe’t er toan op toan
de sinne en de stjerren
yn in stoarm fan kleur
oer de wrâld skine liet.

Lykwols, it wie ûnmacht
doe’t er as grûnfêster
fan syn eigen leginde
wrakseljend mei in kloft
knûstige woartelstobben
belies jaan moast.