It each wol ek
wat. It each siket in doel. Underweis troch de evolúsje fan it moderne bestean wie
dat sykjen okkerdeis it doel. Sykje nei wat in tal keunstners fan eartiids yn
harren romrofte dagen foar eagen stie. Alsa fûn ik myn bestimming middenmank kanonyske
skilderijen, bylden foar de ivichheid en revolúsjonêre objekten. Keunsten fan
de skeppende geast! It erfskip fan de ekspresjonisten, kubisten, dadaïsten,
surrealisten en futuristen - ik neam der mar in pear - hat de takomst yn it ferline
op de kaart set en de blik op de wrâld foargoed feroare. Kom dêr no noch mar
ris om.
Hoedsum lavearre
ik yn in keunstpaleis fan Den Haag tusken de gaos en harmony fan de ferbylding.
De hannen djip yn de broeksbûsen. It baarnde my wer ris yn. Want dat is it
slimste, no? Dat je neat oanreitsje meie. Hannen thús en allinnich de eagen de
kost jaan. Mar dat is my noait genôch, omdat der mear is as wat it each sjocht.
Koe ik mysels by
de Bolle fan Potter en it Putterke fan Fabritius yn it Mauritshûs noch yn 'e
stringen hâlde, yn it Gemeentemuseum wie it by in leidige skulptuer fan Brancusi
in stik dreger. Ik stie suver yn bestân en klamp my fêst oan it ûnfersetlike
metaal. Sa´n rite oerfalt my faker. Benammen as in keunstwurk op it earste
gesicht gjin inkeld doel liket te hawwen. Of omdat it each muoite hat mei it
ûnbegryplike. It is de fertwiveling fan it riedsel, dêr't gjinien in antwurd op
wit, en dat lit dy net los.
It each siket it
idee. It wol yn de geast fan de keunstner sjen, of krûpe yn de siel fan syn
wurk. Faaks wol it each fêststelle oft it bjustere keunstwurk echt bestiet. Mar
al priuwde ik de kleuren fan van Gogh en hearde ik de byldmuzyk fan Kandinsky, it
ferstân siket fysyk hâldfêst: ik wol oanreitsje! Net om de kwaliteit te hifkjen
en te mjitten, dat docht it folk wol dat tinkt dat it der doel oer hat. Ik wol wat
oars. Ik wol as it ware it libben fiele yn de stigmata fan in tiid. It is altyd
wer deselde oanstriid. Even mei de fingers oan de groeden fan in Appel sitte
wolle, of hoeden it wjerstribbige brûns fan in breklike Giacometti betaaste. Dan
soe ik nei alle gedachten mei de eagen ticht de taal fan de besieling lêze. Yn
myn eagen in befrediging. Ik soe oan myn fingers rûke en de hannen wer djip yn
'e bûsen stekke. Ik wie ta myn doel slagge, as ik it doarste.
Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol
in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e
klasse sitten ha dy't de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen,
of dat je by ien op 'e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar dat
je ergens by't fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn 'e kunde kamen mei ien
dy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn 't wyld maklik tsjin. Se sitte
net allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk dat
alle ferkeapsifers oertreffe moat. Boppedat is it hiel goed mooglik dat in
protte minsken in letterwrotter yn de famylje ha. Sa moat in mannichte folk op
ien of oare wize besibbe wêze oan de literêre keunst. In hiele aardichheid, no?
Wat soe dat in lêzers opsmite kinne as soks yn de moanne fan it Fryske boek wat
mear omtinken krige. Want lang net elkenien hat der miskien weet fan.
No docht - lies ik al krantsjend - ek noch bliken dat in grut tal skriuwers
en dichters sels ien of mear skriuwers yn de famylje hat. Oer predestinaasje, jildingsdriuw
of ropping sil ik mar net begjinne, dat liket my net fan dizze tiid. Lit ús
foar it gemak mar even oannimme dat skriuwen en dichtsjen yn de genen sit. Mocht
soks trochsette, dan kin it tal skriuwers en dichters inkeld noch mar tanimme. Tink
ris yn: hast elke Fries in skriuwer of in dichter! Dat sil skielk in protte ta
lêzen oansette, dat kin net oars.
Dat sadwaande krige de genetyske skriuwfaktor my yn 'e besnijing.
Nijsgjirrich haw ik de annalen en de argiven der op neislein. It kin langer mei
in pear fingerklikken, dêr hoege je net mear foar nei de stêd. En sjoch, ik hie
't wol tocht. It stiet aldus beskreaun! Betoerpake is it bern-bernsbern fan
Petrus Couperus ( Ideard 1657- Wergea 1735), dy't wer de betoerpake is fan
Louis Maria Anna Couperus syn heit. Dat soks, safier fuort, yn ien rigel nei te
kommen is, dat is suver in wûnder. It aardichste is fansels dat ús heit ferneamd
is nei syn omke Petrus Couperus. Ik ha koartlyn noch op it hôf stien dêr't it
bewiis leit, mar of dat mear lêzers opsmyt? It is te betwiveljen.
Ik ha it ljocht sjoen. Ljocht dat net sear oan de eagen docht, mar as salve oer de siele strykt en as ferlichting it drege moed rommet. In bysûnder skynsel dat net út kin. Dat ljocht hat der altiten west en it is der ek foar in oar. Moatst it sjen kinne, moatst it oer dy hinne komme litte en yn dy opnimme wolle, dan silst der ek fan tsjûgjen gean. It is wrâldferneamd. Wa´t it sjocht wit wat it is. It is ús eigen ljocht! En it is fergees! It is it alles oerstjalpjende noarderlân, waad en strânljocht. It kollektive libbensskynsel yn it lânskip fan de noarderling. De glâns en blâns fan dat natuerlik fenomeen is ta de gloarje fan syn unike bestean fongen yn matearje. In fiiftal skilders hawwe dat ljocht op persoanlike wize mei grutte konsideraasje stâljûn yn subtile formaasjes fan linen, foarmen en kleuren. Ynspirearjende, eigensinnige komposysjes yn de geast fan it ljocht sels. Op doek, op hout, op linnen en op papier. Krongen yn oalje, akryl, aaitempera en wetterferve. It is in iepenbiering en op 't heden te sjen yn museum Belvedêre by it Hearrenfean. In keunsthal dy't feitlik op de fûneminten fan ljocht boud is. Dat it koe gjin better plak krije. Gean der hinne is it boadskip en nim it ljocht oan. Rin der stadichoan by del en lit jin der yn meinimme, hein en fier. Lit jo ferljochtsje. It is tige de muoite wurdich. It is merakels.