kleur

Painted Lady

It farve famke siket
nei kleur yn it bestean,
it doel dat har libben
in bestimming  jout.

Sa flinteret se grinsleas
en frij troch it fleurige
spektrum fan de simmer.

Of binne it de geuren
dy’t har bewege yn de
snuorje fan har syklus?

Hoe't it ek sit, ik hoopje 
foar har dat se net wit,
dat har tiid wol grinzen hat,
want it rint ommers
alwer nei ein augustus.

âldheden




       Smytst it ferline net samar fuort,
       sels net troch fersin yn in doaze,
       bygelyks achter op de fyts ûnder
       de snelbiners nei it stoart of de
       omrinwinkel, dat is my om it even.

       Strún der marris om, it is in grutte
       opgarre bulte fan it âlde heden:
       it doe dat dien is en ivich foarby,
       dêr wol ik it ferline net kwyt, ik
       fyts mei myn doaske de fierte yn.
  

in lofsang


Dyn lûd, dat as it liet fan de ierde klinkt
en faak tenearenacht sûzet yn ’e earen
of djip bolderet as flamjend himelfjoer.

Dyn rook, dat op ’e lippen te priuwen is
en him graach ûndertaastend opsnuve lit
om my bolbjirken yn ûnstjoer te bringen.

Dyn ljocht, dat oeral mei de wjerskyn   
fan ferheven loften op myn netflues daget,
dat hat myn wrâldbyld ta libben brocht.  

Wylst ik op wjukken opdroegen waard,
seach ik yn dyn spegel de oertiden lizzen.
Ik woe, dat ik dyn takomst sjen bliuwe koe.



ús heidelân

Soleil Vivant

Monet socht it ljocht net yn ’e Wâlden,
dat by’t lemieren as in dimme see oer
ús romrofte heidelân leit en yn ’e rin
fan de dei rimpen oer de beamwâlen lûkt,
om jûns mei it opslûpene skaad as in
útdôve floed yn de skimer te fersûpen.

Oars hie er op it doek wol in ympresje jûn
fan in waarmgriene Maaie, mar net minder
fan blauwyt bepleistere simmerloften of fan
hjerstich, ûntheistere bosk en keale greiden   
op in bestindige, sniewyt beripe winterdei
mei glûpend kâld trochwaaide grize tinten.

Ja, Monet hat it ljocht mist yn ’e Wâlden
en Vincent kaam net fierder as Drinte.



kearpunt

Net elke

bestimming

is it doel

datst sikest,

sa 'st ek net oeral

dyn bestimming fynst,

mar as de bestimming

al it doel wêze moat,

dan docht it plak

der amper ta,

omdat elk doel

dêrst dysels fynst

in bestimming is

dy't in thús

wêze kin.








yntrospeksje



Ik kaam mysels hjoed tsjin,
bûten stie syn fyts al klear,
hy rekke yn in twapetear
en dat wie my min nei't sin.
Wachtsje op in oar, der is neat
minder hat de tiid my leard.

Ik kaam mysels hjoed tsjin
en tocht: wêr silsto hinne?
Sikest noch in bestimming
of hat dyn loftfyts in lekke bân?
Dat is mysels ek wol oerkaam,
dan is it moed min te finen.

Ik kaam mysels hjoed tsjin.



romtetiid

We wurde troch de tiid sketten,
se sizze dat it mei in knal begûn,
hoe hurd en wêr’t it hinne giet,
dat wit gjinien, mar it skot is fallen,
we kinne net werom, dat is de wet.

We wurde troch de tiid ferrifele,
dy hâldt noait en nergens op: tinke se,
lykas de romte grinsleas wêze soe,
al is it wis dat we oait de ein fine sille,
allinnich wit gjinien wannear’t dat is.

We wurde troch de tiid ynhelle, sels
al fleane we in slach hurder as it lûd,
dat my tinkt, de romte dy’t we noch ha,
kinne we better mar goed benutte, ear’t
we ferdwine yn it grutte, swarte gat.



by't maitiid




Wylst
ik ûnderweis
yn de sinne
in hagebeam
blomkjen sjoch,
oerfalt my
de gedachte
dat ik der
op in dei
net mear bin,
tagelyk komt
my de winter
yn ’t sin
en tink ik:
soe de snie
dan krektlike
wyt wêze 
as de 
hagebeammen
yn maaie binne?

it ferskil

Safolle boeken dy’tst noch net lêzen hast, sa’n protte dy’tst noch lêze wolst en dan ek noch al dy masterwurken dy’tst noait lêze silst. It is krekt as mei in soad plakken op de wrâld dêr’tst sa graach noch ris hinne wolst, mar dêr’tst nei alle gedachten noait komst. It bliuwt der by.  Sels al leit dat gaadlike guod leidich binnen hânberik of kinst it online en yn ’e boekhannel maklik besette, it binne en bliuwe suver ûnberikbere bestimmingen. 
Mei tiid hat it net folle te krijen, tiid om te lêzen is der mear as tinkst en mei dy tiid kinst talis meitsje. Faaks hat it wol wat mei it formaat te krijen, want sels al bliuwe dikke boeken dy lykas fiere reizen gauris langer en better by, se bliuwe as reizen dy’t hieltiten mar we útsteld wurde faak it langste lizzen. Net oars as wie in dik boek in swier te rissen lêst, dêr’t  net elkenien de ein fan hellet. Sa’n boek dat amper lêzen wer mei nei hûs werom komt, mei de ferbrutsen magy fan it ferhaal noch yn it kaft ferburgen, as in ûnferwachts ôfkappe reis. 
It is fansels tige spitich dat al dy boeken harren ferhaal net kwyt kinne. Tagelyk is it tryst datst in protte reizen yn it literêre lânskip noait meitsje silst. En is it net begrutlik datst net mei alderhande nijsgjirrige minsken út de ferhalen yn de kunde komst? Wat dochst dy as lêzer eins nuver te koart. Kinst dy ek ôffreegje: wat dochst dy boeken oan? Boeken fertsjinje better. Boeken wolle net yn it stof fan ferjitnis wachtsje oant se lang om let oppakt wurde. Hawar, it is net oars, ik ha my der by dellein, de wrâld dy’t it ferskil yn in minskelibben meitsje kin, sil wol in sletten boek bliuwe.






tûk


Aksioma’s

In tûke skriuwer is wat oars as in literêr merakel.
In literêr merakel skriuwt gjin tûke tekst.
Net alle skriuwers binne literêre merakels.
Tûk skriuwe stiet tsjinoer keunst, lykas in
beskaat talint streekrjocht tsjinoer in jefte stiet.
In jefte ûntjout him út himsels mei rêde stappen,
wylst talint yn ’e regel stadichoan mei muoite waakst.
Skriuwers mei in jefte ha dat sels faak net yn ’e gaten.
Bejeftigen ha wol ris in gebrek oan eigenwearde.


Tûke skriuwers gean faak mei harren talint op ’e rin.
In talint kin min krityk op syn/har boek ferdrage.
In tûke kritikaster is net itselde as in tûke lêzer.
It nut fan krityk op in boek is diskutabel.
Kritikasters binne selden tûker as de trochsnee lêzer.
Boeklêzers binne oer it generaal net dom.
In boek skriuwe, dat is tûk, mar gjin merakel.
In boek lêze, dêr wurdt de lêzer tûker fan.
In tûk boek is hast itselde as in merakel.