De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it
fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige blikke. It raffelich
reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd
fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen
frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze
slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te
nei komt.
Ik sjoch ien wite reager, wylst der foar de winter wol
acht omteagen. Wêr binne dy bleaun? Blauwe reagers, binne der noch genôch. By
de sleatswâlen del, yn de groppen en tusken it reid spylje se, as iensume wachters
yn âld baitsjes, de baas fan it fûgeltsjelân. Op har wite neven en nichten stean
se net te wachtsjen. Wat docht dat fine fûgelguod hjir, sille se wol tinke. Se komme út Sûd Europa wist ik. Sûnt in nij klimaat ús temjitte komt hat de wrâld foar har ek
gjin grinzen mear. As ymmigranten moatte se it lykwols gauris belije. Dêr’t in
wite him om fretten deljaan wol, dêr komt in blauwe him faak fûl oer it mêd.
Twaspjalt yn de petgatten. Nuver, want der is romte genôch.
twaspjalt
waan
Surplace
2021
2021 DINGEN
It
ljocht wie dy earste dei bysûnder
ûngewoan
foar in dei dy’t wol wat stil,
mar
fierdersoan hiel normaal ferrûn.
Fjoerwurk
As ljocht lûd joech
lykas lôgjend fjoer,
dan hearden we
ier yn ’e moarn
de wolken baarnen
en jûns it flústerjen
fan de lette sinne
dy’t lûklam tane
yn it skimertsjuster
fan it wolkenskaad.
Wa’t dat hearre kin,
dy heart it oerljocht
stilswijend as fjoerflinters
út besiele skildersfingers
op it doek delstriken.
![]() |
Dinie Boogaart |
rekkenskip
De tiid hâldt skoft ast net yn beweging bist, teminsten sa liket it soms. Wiken wurde as it ware wei yn in skiere mist, alteast as de gong der út is. Dagen wurde as nachten ast dy deljoust of deljaan moatst. It ûndergean fan tiid bestiet út ferrifelderij en feiten. Foar it iene slútst de eagen en fan it oare nimst rekkenskip. Alle moannen telle lykwols gewoan de dagen oant en mei de lêste ta. Beweging yn tiid hâldt gjin skoft. Kinst foar en achterút rinne. Kinst rûntsjes drave. Kinst in dearinnend paad nimme of de holle dellizze. De tiid bliuwt op koers. Steech en stiifsinnich.
Desimber ferrifelt de tiid ek net. Desimber giet syn bestindige gonkje oan de ein ta troch. Koarte dagen, hieltiten langere nachten, oere nei oere op de ivige klok. Oant en mei om de tweintichste hinne. Dan beweecht der wat. Dan feroaret de stap op de trep nei ûnderen. Net op slach, mar stadich yn it bewende tempo dat it bestean yn beweging hâldt. Dan giet it wer stânfêst by de trep op nei boppe ta. De klim nei ljochte dagen. Der is gjin stilstân, der is gjin ein, salang ast de eagen iepenslachst en op tiid de doar út giest, wylst der rekkenskip fan nimst, datst dyn tiid altiten in stapke foar wêze moatst.
urgint
geandewei
Wat
kin der in protte feroarje yn in lyts skoftke tiid. En wat bliuwt der tagelyk
ek noch folle by itselde. Ien jier; tweintich jier; in minskelibben. Alles
ivich fan itselde is lykwols gau tefolle. En feroaring is spitigernôch net
altiten foarútgong, mar gjin feroaring hielendal net.
Novimber
is altiten novimber: de grize prelude fan desimber. In foarspul mei mankelike
klanken fan it falske sentimint yn in hjerstsonnet. Ja, de alfde moanne falt
faak swier. Dreech as de muoite dy’t it kostet om in stichtlik stikje tekst mei
te fier sochte wurden te skriuwen. Drôf as de alinea’s dy’t smoare yn mislearre
byldspraak foar hertsear en de smerten fan de tiidgeast.
Novimber
hat wat mankelyks dat desimber net hat. As foarlêste moanne set er de toan foar it besef dat it libben
ûnomkearber is. De slachtmoanne warskôget alfêst dat it jier hast om is en foar
it grutste part ferlern. De sinne jout it oer. It waar slacht om, de kjeld wint
oan. It hat syn útfallen, mar mei de knepen ynwindich, is novimber like ritich
as bestindich. Men kin nergens mear hinne. Der is inkeld romte foar minder, wat
ús wachtet is it lot fan desimber. It slotstik dat as in falsk rekwiëm
klinkt.
Novimberdagen
ferfalle geandewei apatysk yn obskuere nachten. Fjouwer latinte winterwiken -
fan aldergeloks mar tritich dagen - om
lydsum te dragen. Stoisynske dagen dy't, ek as it reint en stoarmet, amper
feroarje en ivich itselde lykje. It is net oars. De oanrin nei de ein hifket de
wearde fan de tiid. In deadwaner fansels, mar faaks in tapaslike metafoar foar
alles wat foargoed feroare is en benammen foar de pine oer wat noait wer
itselde wurdt.