telling

Griene Winter

Ik stie fan ’e moarn
op de kritedyk
yn it Feanhoopfûgelân.

In wrydske, lege wrâld,
en tagelyk in ornitologysk
paradys foar fûgeltsjeminsken
dy’t dêr sûnder mis fan hâlde.

Ik stie en seach
mei niget it wûnder
dat wjukken hat oan,
al ha ik fan fûgels
net it measte ferstân,
want ik moat it ha fan wat
it each my skewielet.

Ik seach guozzen
machtich as de miggen,
dy’t drok yn it fierstente
wiete lân fan de boeren
stienen te skoffeljen,
mei in wite reager
manhaftich yn har fermidden,
as woe er sizze,
dit is myn leger.

In ielskolver snie in streek
troch de loft en skeat as in pylk
troch de grize wolken.

Even fierder kamen twa swannen
sweeslaggerich snetterjend nei ûnderen,
sykjend nei in gaadlike baan
om te lânjen.

Op in âld brompeal siet in mûzefalk
mûskopjend mei himsels,
syn jachtgebiet te skouwen,
sûnder dat er yn de gaten hie
dat er yn it ekosysteem
fan syn habitat
foar de sûne biodiversiteit
net min by spile.

Dat seach ik allegear,
fan ’e moarn al ierebetiid,
wylst nei alle gedachten
de fûgeltsjeminsken
thús yn harren túntsjes
noch mar amper
mei de nasjonale fûgeltelling
útein set wienen.




skoft



 

De baas

Ast him yn dizze tiid lizzen sjochst
noch ûnder it jok fan de winter
mei de keale mêst as in beaken
oan ’e wâl en de skoan behelle kont
healwei rêstend yn it wetter, dan
sjochst it suver al foar dy hoe’t er
by’t simmer de wide wjukken útslacht.

Dan hearst it klappen fan de seilen,
krekt as hie de wyn der op wachte
om se foar de striid te luchtsjen.
Dan stiest al yn it reid by de dyk
want sjoch: dêr komme se oan,
in dryste kriichsmacht te wetter
en blinder, de Baas leit al foaroan.

Silerseagen spatte fjoer, hannen
hâlde de touwen stiif omklamme
en mei belied ien strak oan it roer.
It is wrotten en wramen dwerstrôch
in mâlkjende wyn, mar linich draait
de Baas oer de wjuk foar it lêste stik,
ivige eare sil him net mear ûntkomme.

Do hâldst de siken yn, kinst it amper
noch ferneare, en dan hearst it skot,
sabeare fansels, dan tinkst as lânrot
út ’e Wâlden, wie it mar wer safier.





de finale

Wintertiid

It deiljocht hie it swier,
de skiere loft siet stiifticht,
inkeld de reidkragen kearden
de waan fan in tiidleaze stilte.

Oer it lân tûkele in bewyske
fan guozzegeroft, fierderop
smoarde it obligate kloklieden
foar in mearke yn de dize.

En oer it wetter flústere sacht
in klaachliet, as in ouverture
foar de grutte desimberfinale
yn de skelste nacht fan it jier,

mei in bacchanaal fan hellefjoer
op slach nei de alderlêste oere.



de dichter

As Wassily

Yn atonale lagen
skilderet de dichter
en dichtet er as skilder
syn yntrinsike sagen.

Se binne ryktalich
mei betsjoene bylden
dy’t de magy ferbyldzje
fan kosmyske ferhalen.

Hy tekenet syn tinken
yn in kriptyske sprake
dêr’t bylûden út klinke.

En wa’t it ferneare kin,
werkent grif de muzikale
gelikenis mei Kandinsky.




hjerst

Slachtmoanne

It is wer sa fier,
it grien draacht del,
gapjend nei de siken
slyt novimber syn dagen.

Ripe beammen ferwaarje,
binne de moedfearren kwyt,
rydboskjend bliede de tûken
en it blêdte fertutearzet stadich.

De healsliten tiid liket tryst
en treasteleas, dochs sprute
der noch opstannige kleuren
balstjurrich út de ierdske ieren.





tûk


In Slimmerick

In (w)âldman en skilder mei potinsje
Dy skildere o sa graach minsken
Mar doe't it net mear woe
Omdat er it net mear koe
Die er it sûnder him te betinken
Mei keunstmjittige intelliginsje.


 

fuort

In fuort-gonger

Op it each ôf noch
aardich fytsfluch ried ik
mei rêchwyn oer in syd-
spoar fan myn dagen.

It doel wie in eilân
oer in dyk en it waad
om dêr yn de fierte
fan de see te eagjen.

De tsjillen draaiden,
as klokken op’ e rin,
domdryst tsjin de floed
fan de takomst yn.

Mei in skip teach ik,
suver op wjukken
fan in flecht kobben,
oer opgeande weagen.

As berêste fuort-gonger
belâne ik oer lân en dún
by it strân dêr’t de simmer
it waar en de tiid betsjinne.

Ferwezen stoareage ik
oer de see nei de kime,
avesearje wie sinleas,
der wie dêr gjin fierder.



septimber


It Alde Gea

Sa’t it ea wie, bestiet dat noch,
dat fertroude lânskip fan doe:
it âlde gea, it bestean, it libben
fan argeleaze minsken en bisten?

Alles bloeide oerwâldbestindich
sûnder betingst om ús hinne.
Plant en blom groeide frij fan gif
en woartele toarstleas yn ’e sinne.

Is it lûd fan kij noch like froed
as op in moaie neisimmerdei
yn septimber fan de foarige iuw
mei al dy ûnskuldige beammen?

It ljocht, licht as wolken, filtere
alles wat grien wie ta in ryk ferskaat
fan oer it gea waaierjende tinten,
triljend as in lette simmertwirre.

Bestiet soks noch, sa’t it ea wie?
Of liket it mar sa, dan is de skyn
miskien de skepper fan de wille
dy’t myn digitale each te fiter hat.


 

ergens

Sil it bestean?

Soe ik sile kinne,
ik socht in skip
dat my gerive koe,
in skûtsje bygelyks.

Dan stie ik as skipper
fan sa’n pronkjuwiel
waanwiis oan it roer
dat my wol wize soe.

Ik sylde mei alle winen
oer fearten en marren,
likegoed as alle seeën
en de djipste oseaan.

It sil net bestean,
mar mocht it barre
lit my dan mar gean,
ik syl wol ergens hinne.