Skimerdream

It is healtsjuster as ik wekker wurd,

wat nuver trepkje ik nei ûnderen

en as ik de keamer yn stap,

dan sitsto dêr: yn myn jas

mei de holle licht foardel.

Ik huverje en stjit dy hoeden oan,

do slachst ferheard de eagen op

ein seist:

och jonge,  lit my dochs gewurde.

ienlik

Der is op de wrâld mear skreaun as dat der oait lêzen wurde sil, dat wie myn earste gedachte, doe't ik mei in lichte sucht in boek fan sawat tûzen siden iepensloech. Dat men kin fan tinken ek wol ha dat der grif mear boeken binne as kilometers dy'tst gemiddeld yn it libben ferreizgje silst. It boek, dêr't ik oer teset bin, hat mear as genôch tekst om in moai skoft mei ûnderweis te wêzen. It earste haadstik koe minder. Op it kaft stiet datst it ferhaal oanienwei troch útlêze wolst ast der oan begjinst.  Salang duorret myn reis net, mar it lêst al as it slydjaget. It ferhaal, in lyrysk epos kin ik better sizze, giet oer de reis fan in man yn syn tiid. In reis fan it bêrteplak oant, nei alle gedachten, it plak fan stjerren. No sil grif net elkenien syn libbensreis sa'n tsjok boek wurde, lit stean dat it dan flot lêst, mar ek by in oar sille der altiten wol in stikmannich kilometers by sitte dy't de muoite wurdich binne en gean der mei de tekstferwurker by del. Ik besykje it ek wol ris. Gauris fal ik healwei de rit yn in episoade. Dan stribje ik nei in meinimmende tekst dy't, as it spoar, troch de fertelde tiid strûst of der krekt geandewei stadichoan trochhinne slofket om de lêstiid yn in ôfwikseljend en boartlik patroan syn gerak te jaan.  Soms gean ik yn de tiid werom en inkeld sjoch ik blynseach foarút. Der moat al wat yn stean om oer nei te tinken. Faak is it lykwols in ienlike tocht fan lege siden. Nee, de noch te bereizgjen kilometers skriuwe net samar in bestseller. Mar de reis giet altiten ergens hinne en dan docht it der net safolle ta, sels net as it trajekt yn in bedrige taal beskreaun wurdt.


yn 'e frede


Yn 'e frede

Ik socht om wat rêst en rede,
dat ik gong even in slach om
yn de stêd fan it hôf.
Dêr, net fier fan myn bêd,
fielde ik my feilich yn de nacht
dy't gjin wierheid ferswijde.

Earlik sein socht ik om de frede
en it rjocht dêr't safolle om freegje
en ik tocht: hjir fyn ik dat grif.

Mar dêr't ik eartiids mei
hûnderttûzenen protestearre
en song: ban de bom,
dêr wie it hûs fan de frede
mei hege hekken omsletten
en de poarte potticht,
ek al baarnde der folop ljocht.


hâldfêst

Jou gjin oardiel oer in boek om it kaft, seit in bekend Ingelsk sprekwurd. No moat ik earlik bekenne dat ik dat yn 'e regel wol doch. De bûtenkant seit neffens my in hiele protte. Dan ha 'k it net oer de bibel of de koran of sa, mar oer in nijsgjirrich boek, in boek datst yn 'e boekhannel keapest. En yn it ramt fan dit skriuwen is yn de winkel keapje de bêste opsje. No wit ik ek wol dat it by in boek, krekt as by de mins, om it ynderlike giet en net om de bûtenkant, want lykas by de mins kin it binnenste fan in boek knap tsjinfalle. Dreech fan stof, kliemsk, langtrieddich of útsprutsen oerflakkich. It binne kenmerken dêr't je as lêzer net op sitte te wachtsjen. Ik wit it út ûnderfining, soms is der gjin sek oan it eksimplaar dêr'tst mei thúskommen bist, wylst it uterlik dy noch sa talake. Bytiden is it gewoan in gok. Dus brûk it ferstân at de ponge of de pinpas  út 'e bûse komt en jou de sinnen de frije hân. Stek, nei datst de eagen goed de kost jûn hast, de hannen út 'e bûse. Besjen en befiele, dat is net ferkeard. It jout in minske yn tiden fan twifel hâldfêst. It giet om de estetyk fan kleur, maat en gewicht!  Al kin de lucht ek noch wolris de trochslach jaan. Dat stek om teloarstelling foar te wêzen gerêst de noas der yn. Mar tink derom! Opsichtich is faak goedkeap en wat djoer liket hoecht net folle ynhâld te ha. Wat artistyk docht folle mear. It moat in keunstwurk wêze. Smaken ferskille, dat is wier, mar wa't der wat each foar hat, dy sil him net fersinne. 

ommelânsk


                                    Alle reizgers binne gjin lêzers en alle lêzers binne gjin reizgers, dat klinkt miskien dûbelsinnich, mar simpel sein wol it sizze dat net elkenien ûnderweis altiten mei de noas yn in ferhaal sit, likemin as dat alle thúsbliuwers dat dogge. Ik mei op paad en wei wol graach yn it papieren lânskip fan de taal omstrune. En tajûn, ek hieltiten faker op it letterfjild fan sa'n digitaal laaike, dat sa moai yn de skimer opljochtsje kin. Ja, op reis mei in wurkstik fan wurden, dat is de muoite wurdich. Wa't der de tiid foar nimt komt flotter troch de tiid. Gean der mar foar sitten en jou dy as lêsreizger del, dan hast dûbeld wille fan de ôfstân dy't ôflein wurdt, want in lêsreizger is twa kear fuort en dat foldocht yn' e regel skoan. Hurder reizgje docht it net. Soest it soms al tinke, mar dat is skyn. In oere is yn in pear sinnen gau beskreaun. De tiid nimt dy wol mei, yn fûgelflecht of slakkegong, oer de kimen fan it ûnbesteanbere en dan duorje in pear rigels somtiden langer as in dei. In lêsreis tusken feiten en fiksje hâldt geregeld ho om by de haadstikhalten om dy hinne sjen te kinnen en yn gedachten waar te nimmen dat bûten alles fiersten te hastich ferdwynt. Of om yn it spegelglês dy oare lêzer op te nimmen, dy't ûnderweis is nei in ûnbekende bestimming yn syn eigen ferhaal. In bestimming dy't inkeld fier fan de werklikheid te berikken is oer it paad fan de ferbylding, mar altiten tichter by is ast tinkst. Fier, hein of ommelânsk: reizgjen docht lêzen en oeral dêr't reizen úteinsette komt de geast yn beweging.

Equus

Drystmoedich fjoer fan swarte brân ljochtet
licht op yn de meunsterjende eachopslach,
wis en waaks blinkt in wize wink út´e hichte,
al wit gjin sterveling wat dy eagen sjogge.

It is fan berte in koelbloedich laach, dat ticht
op it skerp fan it slachskaad swevend, boppe
de midsmjitte is ferheven en ek as silhûet yn
de skimernacht like robúst as Pegasus tekent.

Equus Caballus is de namme, in stielen hûd
en kabelspieren spanne de krachten, heech
troch de lytsman as menner en berider achte.

Datst dy troch sa'n draver drage litte koest,
fjouwerjend oer lichten en stegerjend oer
hichten, der wie dy nea wer wat te machtich.