breklik




De skjinne loft
It breklike grien
En lange dagen ljocht
Maaie op syn moaist
Duorret mar even
In skoftsje libben
Sûnder reden.
Dan wurdt it simmer
Kinst der net by 


De klap

It iere sinneljocht skode oer de riigjende dakken en tuorren fan it middeliuwske stedsje San Gimignano. Op it terras fan kafee Delle Erbe siet ik foarearst noch gaadlik yn it skaad. Dêr't jûns de in leger swellen de baas wie, fleagen no de roeken wyld om de ferneamde kante tuorren hinne. It skelle skatterjen davere oer it noch frij lege plein. Likernôch healwei tsienen waarden hjir en dêr sûvenirrekken bûten set. De earsten toeristen skarrelen der fuort by del. In kloek frommeske mei ljocht hier skode in bernewein by it skean delrinnende plein op. Yn de wein skopte en sloech in bliere lytse poppe mei hantsjes en fuotsjes. It fredige taferiel waard wreed ferbrutsen. Mei grut kabaal skeaten ynienen in keppel roeken deun oer it plein. De jonge frou dûkte yninoar. It berntsje begûn te skriemen. Rûnom seagen de minsken ferheard op. It boek De Fûgel fan Trinus Riemersma kaam yn ’t sin. Gong dat ferhaal ek net oer in agressive roek? Dat it ferkeard ôfrûn wist ik noch wol. De frou - ik naam oan dat it de mem wie – stie rûngear oer de wein. It skriemen saksearre.
Ik hie de jongkeardel noch net opmurken. Samar stie er dêr, rjocht tsjinoer de frou. Hy bearde driftich. It like wol of sei er har it leksum op. Italjanen kamen gauris heftich út ’e hoeke at se gewoan yn petear wienen, dat ik tocht it slimste der fuort mar net fan. It berntsje skriemde yntusken wer ta en helle bytiden mei lange halen út.
De roeken joegen har del. Ik besocht op myn mobyltsje út te finen wēr't it ferhaal fan Riemersma eins presiis oer gong. Trôch in frouljusgjalp en it balten fan in man der fuort oer hinne seach ik even fan it skermke op. De skrik sloech my om it hert. De bernewein stuitere oer de balstiennen rjocht op my ôf. Ik sprong oerein. It kofjekopke klettere stikken. Oeral ropten en raasden minsken. Dowen stoden fuort. Mei de faasje fan in trijetakt Vespakarke hobbele de bernewein my ûnberikber foarby. Losrekke rinkelbeltsjes giselen der achteroan. De man - ik naam oan dat it de heit wie - sette it op in rinnen. Bist ek te let baas, tocht ik noch, my bewust dat ik myn eigen falen op him ôfskode. Ûnderoan it plein riid in auto de hoeke om. De ramp wie net mear foar te kommen. It wie in ferskriklik gesicht. De klap kaam hurd oan. It berneweintsje kreake as in houten krat dat mei geweld yninoar trape wurdt. In read tekkentsje wappere omheech. De auto stie stil. Achter it stjoer siet in man. Wyt as in lyk. Stadich kaam it libben wer op gong. Ik draaide my om: nei de mem en de heit. De man stie mei de hannen omheech. ‘Dio merda, dio merde!’, rôp er. Doe foel myn each op de wûnderlike ferskining fan de mem. It sinneljocht pakte krekt har kreaze stal. It hier ljochte as in gouden korona op. Ik tocht oan al dy Madonna’s dy’t ik yn Milaan en Florence sjoen hie. Fan Botticelli en Michelangelo, fan Titiaan en net te ferjitten Caravaggio. No seach ik ien fan fleis en bloed. Har bern hie se op de earm. It wie in jonkje seach ik.