by de mar (4)

song ik ûnder berûne loften oer it
mêde waar, wylst de reidwâl mei it
sûzjen fan de wyn sa treastlik rûze,
ik rekke yn 'e rite fan it ritme troch
it salvjen fan de rym suver yn´e sûs
fan in lije stoarm-yn-oktoberblues



Lêzers



Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e klasse sitten ha dy't de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen, of dat je by ien op 'e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar dat je ergens by't fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn 'e kunde kamen mei ien dy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn 't wyld maklik tsjin. Se sitte net allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk dat alle ferkeapsifers oertreffe moat. Boppedat is it hiel goed mooglik dat in protte minsken in letterwrotter yn de famylje ha. Sa moat in mannichte folk op ien of oare wize besibbe wêze oan de literêre keunst. In hiele aardichheid, no? Wat soe dat in lêzers opsmite kinne as soks yn de moanne fan it Fryske boek wat mear omtinken krige. Want lang net elkenien hat der miskien weet fan.
No docht - lies ik al krantsjend - ek noch bliken dat in grut tal skriuwers en dichters sels ien of mear skriuwers yn de famylje hat. Oer predestinaasje, jildingsdriuw of ropping sil ik mar net begjinne, dat liket my net fan dizze tiid. Lit ús foar it gemak mar even oannimme dat skriuwen en dichtsjen yn de genen sit. Mocht soks trochsette, dan kin it tal skriuwers en dichters inkeld noch mar tanimme. Tink ris yn: hast elke Fries in skriuwer of in dichter! Dat sil skielk in protte ta lêzen oansette, dat kin net oars.
Dat sadwaande krige de genetyske skriuwfaktor my yn 'e besnijing. Nijsgjirrich haw ik de annalen en de argiven der op neislein. It kin langer mei in pear fingerklikken, dêr hoege je net mear foar nei de stêd. En sjoch, ik hie 't wol tocht. It stiet aldus beskreaun! Betoerpake is it bern-bernsbern fan Petrus Couperus ( Ideard 1657- Wergea 1735), dy't wer de betoerpake is fan Louis Maria Anna Couperus syn heit. Dat soks, safier fuort, yn ien rigel nei te kommen is, dat is suver in wûnder. It aardichste is fansels dat ús heit ferneamd is nei syn omke Petrus Couperus. Ik ha koartlyn noch op it hôf stien dêr't it bewiis leit, mar of dat mear lêzers opsmyt? It is te betwiveljen.  

bylden binne wurden


Ik bin in eilângonger, omtiger út it lân fol grinzen.
Myn blikken strune by de diken del en oer de hichten
fan de dunen. Ik hein de kimen yn it prisma fan myn
hannen. Tiid yn it bestean duorret minder as in tel.

Ik bin in eilânman yn in kleurensee fan dreamen.
In iepen finster fangt it brânpunt fan myn tinzen
en de wiisfinger printet alles wat ik sizze wol.
Ljochtkristallen falle op de fluezen fan de linzen.

Ik sjoch it hinnekommen fan it libben rûnom lizzen.
Fjoer baarnt de bline flekken fan myn neakens skjin.
Bylden binne wurden yn it spektrum fan de sinne.
Ik bin it eilân fan de man en wy stean de streamen.






by de see (2)

 
naam ik by twiljocht de lêste oerset foar
de nacht, ik wie hast fan betinken: ik fear
oer de Styx, wylst myn each skichtich nei
de kime socht, it eange my lykwols om'e
nocht, omdat lang om let bliken die dat it
fartúch my nei Skiermûntseach ta brocht.

Ferljochting

 
Ik ha it ljocht sjoen. Ljocht dat net sear oan de eagen docht, mar as salve oer de siele strykt en as ferlichting  it drege moed rommet. In bysûnder skynsel dat net út kin. Dat ljocht hat der altiten west en it is der ek foar in oar. Moatst it sjen kinne, moatst it oer dy hinne komme litte en yn dy opnimme wolle, dan silst der ek fan tsjûgjen gean. It is wrâldferneamd. Wa´t it sjocht wit wat it is. It is ús eigen ljocht! En it is fergees! It is it alles oerstjalpjende noarderlân, waad en strânljocht. It kollektive libbensskynsel yn it lânskip fan de noarderling. De glâns en blâns fan dat natuerlik fenomeen is ta de gloarje fan syn unike bestean fongen yn matearje. In fiiftal skilders hawwe dat ljocht op persoanlike wize mei grutte konsideraasje stâljûn yn subtile formaasjes fan linen, foarmen en kleuren. Ynspirearjende, eigensinnige komposysjes yn de geast fan it ljocht sels. Op doek, op hout, op linnen en op papier. Krongen yn oalje, akryl, aaitempera en wetterferve. It is in iepenbiering en op 't heden te sjen yn museum Belvedêre by it Hearrenfean. In keunsthal dy't feitlik op de fûneminten fan ljocht boud is. Dat it koe gjin better plak krije. Gean der hinne is it boadskip en nim it ljocht oan. Rin der stadichoan by del en lit jin der yn meinimme, hein en fier. Lit jo ferljochtsje. It is tige de muoite wurdich. It is merakels.    

by de see (1)

die bliken dat it folk syn taal ferbruts,
koest as in frjemd yn ûnwisse tiden
gjin wurd mear kwyt, woest inkeld
yn in oare taal de kimen noch ferlizze,
al kaamst fansels dan ringen ta besef:
as flechteling hast ek gjin sek te sizzen.


by de mar (3)


sjochst it eilantsje yn ’e sinne foar
dy lizzen, dat skoandere oard dêr’tst
oait ris boarte hast en swom en frijd, dan
kinst dy mei gjin mooglikheid betinke, datst
 op sa'n plak as oertsjûge demokraat samar
fan in fassist de fatale kûgel krije kinst. 

3D


Dat in dichter dichtet is soms nijsgjirriger as wat er dichtet. Lykas it foardragen wolris wichtiger liket as it gedicht sels. It each wol ek wat, want the art of the show telt. Sa kriget poëzy op it poadium net inkeld in oar lûd, mar de taharker foarmet him ek in oar byld fan de tekst as er in dichter oan it wurk sjocht. Mooglik dat in protte dichters har krekt dêrom graach live yn it ljocht fan de skynwerpers oan in publyk útleverje wolle.
De iene dichter komt fansels al oars oer as de oare. Just it ferskil soarget yn ’e regel foar de ferdivedaasje. Je soenen je dus ôffreegje kinne: is it foardragen fan poëzy ferbale keunst of binne it fysike keunsten? Hawar, al hoe multimediaal it hjoed de dei ek brocht wurdt, taal en wurd makket altyd emoasje los. Bytiden sels sûnder doel oer de betsjuttingen dy’t tusken de rigels omsweve. Dat spile my troch de holle, doe’t ik koartlyn yn de Prinsetún fan Grins it optreden fan in hiele trits dichters yn my opnaam. Fernuvering genôch. By de boartlike klanken en oansettende ritmes brûkten de performers, bewust of ûnbewust, harren lea as wie ’t in ynstrumint yn in orkest. It skodde, trille, sweefde of stie ûnferweechlik op it skonkich ûnderstel. My tocht, sûnder lûd wie der amper ferskil mei in dominy, politikus of demagooch. De keunst fan it gebear rikt fier. En dy keunst koe wolris it geheime wapen fan mannich dichter wêze. Net inkeld de mimyk dy’t it gefoel yn de taal lei, mar benammen de hâlding fan it stal ûntbleate de identiteit fan de sprekker. En de diksje waard sterker troch de meneuvels fan de hân. Dat waard ik allegear gewaar. It wie in hiele foarstelling op himsels. In show fan bewegende wurden yn trije diminsjes. En dat sûnder spesjale bril. Ik woe dat ik it koe.


by de mar (2)

SEE

 
De see is de see

De see is altyd oars as ik him sjoch.
Tichtby it fierste fuort; oermjittich
djip en grinzen sljochtsjend, leit er
âlder as de alderearste dagen, rûngear
oer de wrâld op de ein te wachtsjen.

De see is altyd oars as ik him hear.
Fol leven fan de folterjende wyn of
yn ’e sûze fan in lije floed, mar ivich
mei in keppel masterfûgels stakkato
bekjend op de opsternate brekkers.   

De see is altyd oars as ik him rûk.
It switterige wier mjokselt mei de
rook fan fiskkadavers dat jokket yn
de noastergatten. It docht jin tinken
oan in deadsberjocht en oer it libben.

De see is oars as oars as ik him fiel.
Taastend  nei it lân strykt er, koel
beslein ûnder ferheven loften en ritich
by in teatrale wolkendûns, as wiete
fingerseinen oer myn bleate fuotten.

Mar de see is de see as ik him priuw.
It kâlde wetter byt my op de lippen en
ferskronfelet de hûch. It sâlt knypt my
stadichoan de strôte ticht en fermingt
him mei myn bloed. De see is wat er is.