en route


Komme en gean, dat liket tsjinstridich, mar it binne twa gegevens dy't inoar fine yn ien feit. Reizgje! It ynwikseljen fan it iene plak foar it oare. Reizgje is it paad sykje nei fertroude of frjemde oarden oer longerjende wegen, wylst de lucht rûkt as de wolken, it lûd ferwaait as it stof op de dyk en it ljocht ferrint mei de wizers fan de klok. Doarp, streek, stêd, lân. De reizger nimt it allegear grinsferlizzend waar. Tagelyk ferdwynt de reizger ek figuerlik oer de kimen fan it eachweid. Hy is ûnderweis yn de tiid. Hy fernuveret him oer de balstjoerige wrâld, mar stoareaget likefaak dreamerich yn it lânskip fan syn gedachten. Wat fierder as er komt, wat faker it ûnthâld him út de dize wei yn de macht kriget. Benammen as er op in âld spoar belânet. Dan wurdt in hinnereis ek in weromreis. Dan spylje him bekende bylden troch de holle en krije bleke foto's in heuchlike toan.
A la recherche du temps perdu? It soe kinne. Mar wêr sil er hinne as er werom is? Wat komt er tsjin op syn paad? Hoe sil er it ûnderfine? Want in protte fan doe is grif ferdwûn. It measte is him ek net bybleaun. Sykje? Nei alle gedachten bestiet der gjin ferlerne tiid, allinnich in oare. Wat weromfûn wurdt hoecht net perfoarst itselde te wêzen as dat wat men siket. It kwytrekke ferline is likegoed te finen mei it ynderlik each. Yn dat weromsjen leit de werklikheid fan it heden.  


nea


it skaad

It ferhaal fan de kleuren fan Mark Rothko is min te beskriuwen. Net omdat der safolle lagen yn sitte, mar ek omdat troch it ûntbrekken fan foarmen en linen it each gjin hâldfêst fine kin, wylst troch de kracht fan it diffuze ferskaat de kleuren in organysk en diminsjonaal karakter ha. Betink dêrom marris wat sinnichs te sizzen dat de lading fan it wurk fan Rothko dekt. Nee, it binne gjin opperflakkige oerflakken dy´t dizze skilder mei besieling makke hat. Yn in striid mei himsels en mei de matearje hat er besocht en lis it kleurspektrum op in hiel eigensinnige wize fêst. Alsa is yn syn oeuvre it útslachte skala fan de reinbôge yn in apoteoaze op it doek ferivige. In grut tal fan dy libbene kleurfjilden fan formaat folle op it heden de sealmuorren fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. En it sil it each fan de betûfte waarnimmer net ûntkomme: it read, giel, of blau fan Rothko hat in hiel oare wearde as dat fan Mondriaan of Barnett Newman. De ymposante kolleksje mei stoflike tinten binne ynderlike lânskippen betize yn in metamorfoaze fan emoasjes. Mooglik mei fan dy gefolgen dat it ljocht yn de suver astrale fjilden lang om let stadichoan dôvet. Geandewei ferdizenje de kleuren en sakket it tsjuster oer it libbenswurk fan de skilder. Griis driigjend as swiere wolken en swart djip as de nacht ferbeeldzje nei alle gedachten de lêste gong fan syn sykjen. Op de kleurskeal fan Rothko berikte er dêrmei grif it heechste effekt. Faaks fûn er yn dat skaad sûnder ljocht de stilte dy't er socht. Wa sil it sizze, it binne inkeld wurden yn it ferhaal fan in keunstner waans krewearjen min te beskriuwen is.

keunst

Wat net op in dei kin, wat net yn in wike past, wat romte ha moat en tiid brûkt om op te nimmen en delbêdzje te litten, wat ferwurke wurde moat om op syn wearde te skatten, dat kin op it Amelân yn Novimber. Fjouwer wiken lang  is achter dún en dyk en tusken see en slyk as hjerstblêd ferwaaid de weareld keunst te bewûnderjen. En dat seit wat! Folle net genôch! Op it platte flak en romtlik; it komt de taskôger ta.  Grut fan omfang en beheind fan formaat; it freget omtinken. Kleur en swart wyt; it lit him yn alle toanen jilde.  Realistysk  en abstrakt; it ferget nijsgjirrigens. 

Ja, der is keunst en keunst! En der ha keunstners en keunstners oer gearwest. It resultaat is in bjusterbaarlik ferskaat. Wa't der west hat, wa't der wolris sjoen hat, wa't bûtenút en binnendoar de muoite naam om it by del te gean, dy wit it. It belibjen is in hiele ûnderfining. It ûndergean lit in libbene yndruk nei. Wa't dit jier noch hinne wol dy moat oanmeitsje, want oars is it te let. Stap yn 'e boat. Set koers nei de iepen kime en ferlis dy benypte grinzen. 


Kriich

Oandien! Ik wist ynienen wer hoe´t dat fielde, dy wûnderlike ûnderfining fan eartiids, omdat ik as it ware samar wer kontakt hie mei it ferline. In yngreven gefoel dat ik goed thúsbringe koe. Opwining, ekstaze, sokssawat. It barde hiel ûnferwachts en ik rekke der suver wat troch fan slach.  It wie... hoe sizze je soks krekt... ja, it wie net minder as in dûk yn de boarne fan primêr ferlet. Ik stie foar tiidleas begripen, wat my ta de bonken ta wat die. Echt wier, doe't ik fan 'e wike foar in kolleksje kleurrike taferielen yn museum Belvédère stie tocht ik hast, dat ik as jonkje de fervekwast wer yn 'e knûsten hie.



Hoe âld sil ik doe west ha? Miskien in jier as fiif? It docht der net ta. Want ik ûndergie wat ik earder belibbe hie. Ik smarde in ferskaat oan kleuren op papier. Ik struts, ik kraste en ik fage yn tsjokke lagen. Ik fielde de striid mei grillige en ûnwillige foarmen wylst ik oer perspektyf gjin inkel sjoege hie. 
Dy bjusterbaarlike ûnderfining gie my op 'e nij troch de hiele lea. Want dêr stie ik dus, each yn each mei it wurk fan Gerrit Benner, in keunstner dy't sûnder mis ek mei sa'n wrakseling dwaande west hie. Kriich!
Dêrom  wist ik dat it bestie. In wrâld yn oerdiminsjes. Stadige seeën mei bûnt betegele loften en jachtige marren, besile troch skerpe skipkes. Utskroeven lânskippen ûnder baarnende wolken. Ik seach beammen as trochsketten strûpmoes en blommen yn opsketten lôgjende greiden. Ik hearde stege hynders  fjouwerjend dwerstroch troch griene muorren draven. Ferve! Matearje as libben konflikt. Foarmen! Yllúzje fan de bernegeast. Kleuren! Emoasje fan de siel.

sjen


De blik fan de keunstner sit tusken de earen. It is yn´e regel in blik dy't fierder eaget as de deistige gong fan saken en djipper as wat gewoanwei sichtber is. It is in blik dy´t it rom sjocht. De eagen sykje:  freegjend en hifkjend.  It binne skerpe eagen. Wat se opnimme brûke se om te skeppen. Kleur of foarm? It docht der net ta. Tusken de linen?  It kin wol wat lije.  Abstrakt of realistysk? It is mar wat it each sjocht. De ferbylding is net oan grinzen bûn.

Portretten binne dêr op gjin útsûndering. In portret is in ferhaal op himsels. It is in tiidleas momint yn in libben ferline en in ûnfergonklik heden. Yn de eagen fan it portret skimert de wrâld fan de keunstner. It is faak in blik sûnder skrupules. De blik fan in portret lit de eagen fan deaden sprekke en docht de libbenen tinken. Oer langst, leafde en lijen. En fan dy trije faaks it lijen it measte. In slagge portret sjocht streekrjocht yn de siel fan de skôger.


Wa´t dat net sjocht mist wat. Wa´t dat net sjen kin is te begrutsjen. Wa't dat net sjen wol kin him in reis nei de grutte solotentoanstelling fan Marlene Dumas yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam besparje. 

glêshurd