it geriif


Wêr binne de libbene dichters?
Ik hear se amper, bestean se noch
by it ljocht fan papier, of libje se inkeld
yn it ramt fan it grut omfiemjend geriif?
Harren nammen stride om in namme
en reitsje fersile op in ferblynjend toaniel.
Wat dogge se dêr? Ik kin der net by!


En wêr bliuwe de deade dichters?
Ik hear se wol en sjoch har bylden
beklibbe yn it reach, al krij ik harren
lûd yn it sljochte each mar min te plak.
By't libben beskreaun skriuwt de tiid har
lot dat de dea oerwint. Mar ik kin se net.
Wêr binne har wurden ast se lêze wolst?

de wrâld

Al dy boeken. Al dat mei letters bedrukte papier. Al dy dreamen en nachtmerjes dy´t de wierheid ûntmaskerje en de leagen it rjocht jouwe om te bestean. It boek is mear as in samling fan samar wat talige tekens, sa´t in minske yn syn hiele hâlden en dragen mear is as in blyn wêzen. It boek hat wat te sizzen. Elk eksimplaar is in doar nei it libben, elke side in finster mei in nijsgjirrich perspektyf op de wrâld. Boeken: slach se iepen en se jouwe sicht op romte.


Al dy skriuwers. Al dy kloeke bodders. Al dy útfiners fan yndividuen en betinkers fan in oar syn gedachten. Wat in ferskaat fan ynmoedige en pitertuerlike karakters. In skriuwer is mear as in samler fan willekeurige taal en tekens, sa´t in boek yn´e regel mear is as in gewoan stikje tekst. In skriuwer hat wat te sizzen. Elke skribint is in ynstrumint fan it libben en syn harsens de kosmos fan in nijsgjirrige wrâld.  Skriuwers: jou se in stik papier en se binne de lêzer de baas.

Al dy ferhalen mei de magy fan de werklikheid. Wat in weareld oan yllúzjes. Wat in wrâld sûnder Fryske boeken... 

op 'e mar (2)






sylde ik oan it helmhout foar
de wyn, ik soe as in kampioen 
mei in protte lok as earste oer de
mjitte komme, mar de wierheid is
fansels krekt even in bytsje oars,
 want ik hold it amper oan de fok.

Fingertaasten



Doe't letters wurden waarden
en taal noch woeks, kraste de
kroantsjepinne myn spoaren
skerp tusken de lyntsjes troch.

Spoaren fan eartiids dy't as
printen beklibben oan âlde
lapen mei ribbelige rânen: 
smetten fan ûnskuldich libben.

Doe't wurden sinnen waarden
en de taal djipper bewoartele,
skreaun de balpinne út´e rigel
myn ferhaal mei brike halen.

Doe waard it skreaune wurd
in masinetaal, it sljochte skrift 
beprinte it besmetlik lint mei
tekens fan takomstich libben.

En no riuwe de letters har op
it skerm ta wurden as digitale
kralen oan ien lange tried ta
in ferskaat fan swetsferhalen.

Mar ik mis de fingertaasten
fan myn âlderearste wurdsjes.
Ik mis de smaak dy't klibbe op
it puntsje fan myn blauwe tonge.
Ik mis de rook fan de inketlape.

Healwei Maaie


Op´e skulpen by de mar del
njonken it griemerige leaf
waakst in glimp fan moarn
ferside yn it huverige grien.

Oer dat paad dat kriemt
en mids de sleatten lâns
ûntkymjend reidlân rint
sil de tiid de fierte fine.

Nei in libbenslange wei en
oer de grinzen sûnder sin 
gean ik lykas fjouwerjende
hynders op 'e romme wyn.

Fierder eagjend oer de kime
mei de langsten fan in bern
jou ik my op frije wjukken
wurden sykjend yn´t ferwin.


Innesfree



Oan it IJ te stean, op it Java-eilân, dat die my tinken oan it strân. Teminsten, dat byld kaam by my op. Glinsterjende weagen yn 'e skimer kinne in mins nuver ferrifelje. Mei de kamera knipte ik de gedachte yn ien klik fêst. Ik stie yn it jûnsljocht fan in bewenne wrâld, dêr't de lucht my net rjocht fan noaske.  It lûd kaam mear oerien mei de wetten fan de see. Lûdroftige kobben tjirgen har boppe it brede rak as kropjende bongels. En al wie it sicht oer it wetter oars as yn it noarden, ik snipte mei myn tastel feitlik itselde tsjusterjen as fierderop by de see.
Ik wie útfanhûs. Myn tydlike residinsje stie net yn Lebak, mar wol op in histoarysk punt. Yn âlde tiden hie it tsjinne as opslach en trochfier fan de hannel út it easten. De grûn wie lang om let troch moderne stedsfernijing opwurdearre. De neilittenskip fan it eartiids ynklaude guod wie fernimstich yn beton getten en kreas mei bakstien bemitsele. Ik wie der wis fan, dat yn de riante apparteminten, mei it útsicht fan in VOC kaptein, gjin makelders yn kofje húsmannen, heechsten inkele hannelers yn himp en kannabis. De Droogstoppels fan dizze tiid.
Letter, healwei de nacht, siet ik op it dakterras.  Dêr seach ik yn in lichte dize de gloed fan de haadstêd glinsterjen. Dat ljocht ferrifele ek. Nocturne fan in stille wrâld fol libben. Dy skiere stêdskime soe net misstean tusken de skilderijen fol symbolisme dy´t ik oerdei yn it Van Gogh museum bewûndere hie. De dreamde bylden fan betsjoene fiersichten en kosmyske myten hienen my noch yn 'e besnijing.  Lânskippen as weagen fan in oseaan. Seesichten yn walen fan skimer en ljocht.  En dan dat iene eilân yn 'e glâns en glinster fan in blakstil mar, as in gedicht fan W.B Yeats.
Ik hearde it wetter mei in leech lûd tsjin de wâlkant klotsen en ik kaam oerein. Ik kaam oerein om de nacht yn te gean. 

Fierder

 Rint it spoar de fierte yn,
wat sil it paad dy keare.
Hat it sicht gjin grinzen,
nim dan de iepen wei.
Wol tiid de romte jaan,
stek dan de brêgen oer
en gean wakker fierder.


Is bestimming net it lot
wat kin dy dan beneare.
Bist op kwea betocht,
nim elke rjochting frij.
Kin lok it libben stean,
ferlit beret it opûnthâld
en gean wakker fierder
oer de sljochte diken.

Om utens



Yn Amsterdam - stêd fan kultueren -
rinst samar út de tiid fan Vondel wei
troch it park en oer de Dam nei de ieu
fan Multatuli ta, de tiid mei skriuwers
fan karakter, proastich yn brûns op in
sokkel hise om op it libben del te sjen.





Yn Amsterdam - stêd fan ûnderdûkers
en ferriders - kinst yn it hûs fan Anne
Frank, los fan hoe´t se al har noed en
soarch op papier ûnder wurden brocht,
de waansin fan in oarloch fiele, en it
gefaar fan it nea fersleine brune kwea.





Yn Amsterdam - stêd fan nuvere kost -
kinst krekt lykas Carmiggelt earder die
de riten en de kueren fan it miene folk   
beskriuwe om dêrnei mei de neisten
as in arbeider foar in streksum panfol
strûpmoes nei Dikker & Thijs ta te gean.





Yn Amsterdam - stêd fan froed en tsjoed
om utens - kinst yn Café Americain troch
de ûntdekking fan de himel yn de hegere
sfearen fan de literatuer ferkeare of samar
bûten op it terras de dichter Bruinja oer
it Leidseplein foarbygean kommen sjen.



Amsterdam is as haadstêd fan kultueren
it oeroard fan de keunst foar elke dei,
dêr fynt it libben syn gerak foar ferhalen
en gedichten dêr'tst dysels yn wêze kinst.
Yn Amsterdam hat de tiid in lange azem,
mar is de nacht altiten de nacht de baas.

sinne

by de mar (8)
skynde de sinne yn maart as wie it
al folop simmer, ik krige as in jerke
de maitiidsridel yn 'e kop en woe fan
klearebare balstjurrigens wol poerlike
neaken oer dy kâlde sompe swimme,
is 't net mâl en dwerstroch alles hinne?