A poem

Ik seach de toer fan Bommel stean, 
doe’t ik mei de trein oer 
de Waalbrêge nei it suden gong.

Njonken my siet in jong famke
mei in ferrassend koart rokje oan
en in swart lapke foar de mûle.

Op har bleate skonk pronke
de tekst fan in lange tatoeaazje,
dy’t oer de igale hûd nei it kút
al hielendal nei ûnderen rûn.

Ik moast goed sjen wat der stie en lies:
‘I saw the future, I did, and in it I was alive’
Ik tocht, dat komt grif út in gedicht, tagelyk
kaam my ‘De moeder de vrouw’ yn ’t sin.

Har freon (tink ik) siet foar har oer
en seach my achter syn swarte lapke
gnyskjend oan (tink ik), wylst er
syn hân op har brune knibbel lei,
net oars as wie it it roer fan syn skip.

Ik seach hastich nei bûten
en socht om de toer fan Bommel,
mar wy wienen al in hiel stik fierder.

The Future



de reis

 

De reis ( fan augustus 2020)

Tegels tille de fuotten oer de earste meters,
diken draaie rjochts en loftsom foar de bus,
spoaren strekke har strak foar de trein út,
de reis beweecht, de reis libbet en is wer los.

It doel is fan bestimming nei bestimming,
oer lân en wetter wer fan stêd nei stêd
troch in lange, lange simmer nei frjemde,
waarme nêsten yn in ferlange winter.

De reis sljochtet fan natuere minskegrinzen,
de tiid hat er graach sels yn de hân, de reizger
skikt him genedich nei syn plannen en de lingte
fan de lingte is ek noch wol oer te kommen.

Al wit de reis fansels mar al te goed, dat er folle
en folle fierder kaam as er op wjukken gean koe.



bekiste

Unsichtber

Minsken reitsje út byld, 
ferfalle, ferdwine, fergean
as skjinne reek of yn grêven,
der is neat oan te dwaan,
elkenien rekket út de tiid.

Bylden reitsje út sicht,
falle om, brekke, fersinke
yn djippe putten en grêften
of wurde rimpen ferstjitten
as namleaze relikten.

Utsein yn it stylfolle Drachten,
dêr stiet oan de Lange West
in troch de tiid ynhelle byld
ferpakt, ferburgen en ferballe
foar it ûnwittende neigeslacht.

De al lang fergetten skepper
neamde it stielblau bedutsen
byld Sinneljocht en Strieling,
no in neat sizzende titel foar
it bjuster bedimme granyt.

De keunst is as in lyk bekiste,
it kulturele erfguod is baarlik
skeind, fersmiten en ferkocht,
it miene folk is besoademitere
en stiet ferstuivere oan de kant.

stinne

DE FERWIKSELING

 

Ast ien stien op dyn paad ferleist,
dan witst amper wêrst oan begjinst,
omdat it in beweging op gong bringt
dy’t dyn lamme lea it leksum opseit.

Tagelyk wurdt it fersetten fan in stien
somtiden ek it ûnomkearbere begjin
fan in ynkringend mentaal proses,
dat dy bot yn de besnijing krije kin.

It docht my dêrom wakker tinken oan
de ferwikseling fan in wurd yn in sin
dêr’t de rin mei út ’e tekst helle wurdt.

Dan is it ek stinne, switte en wrotte
as in strjitmakker yn waar en wyn,
om de brike rigel wer te sljochtsjen.




Raak

It wankend gefaar is faak
tichter by as dat men tinkt,
al rint it meastal wol goed ôf.

Mar doch, it sil dy mar treffe,
want oeral kipet it om ’e hoeke
en elkenien kin wat oerkomme,
al bart dat gelokkich selden.

Likegoed is it libben fierste
faak krekt Russyske rûlette.
Ast it fatale wapen sels net
yn de hannen hast, dan...
hâldt in oar dy wol ûnder skot
mei de finger oan de trekker.

En dan treft in ûnskuldich mins
 - ek yn in beskaafd lân -
it hieltyd faker stikken minder.

Hark


bestimming


Mei foarjiersfûgelsang,
ûnder soele simmerwinen,
yn de lange, ripe hjerst
en by skraal winterwaar:



erflik daget it ljocht
oer it lêste selsferkeazen
ierdske libbenslot fan de
rêstende nammeleazen
yn it ivige akasiabosk
fan Nijehoarne.


mjoksje


Wat rommest op ast oant opromjen bist; de rommel om dy hinne of de rommel yn de holle? Miskien is it fan beiden wat. Dat soenen je fan tinken ha kinne, as je op in bepaald stuit de oanstriid krije en reagje de boel ris út. In bytsje oarder is yn alle gefallen net ferkeard. It hoecht net himmel en brânskjin. It hoecht ek net omdat it moat. Mar it kin, at it sin der nei stiet. Soms bin je oan sa’n momint ta. Miskien omdat it heech tiid en dêrom needsaaklik is. Utstel kin net ivich wachtsje.
In garaazje útmjoksje is al gau in hiele put, lykas in hok dêr’t mear as inkeld de biezem trochhinne moat. It hûs is yn ’e regel flotter oan de kant. Dan bliuwe de kasten noch oer. De oerskotkluzen fol wolfeartrestanten.  En lang om let as lêste om oan te pakken: de ynhâld fan de boekekast. It omkafte papier dat ek as keamerpronkstik ôfdien hat. De ferhalen mei tûzenen elokwinte wurden dy’t ferjierre binne. Ald is fansels net altyd út de tiid, mar lykas mei oerripe fruchten begjint âld papier wol faak te rûken en giet it krekt as mei it ûnthâld, dat stadichoan griis, grau en grimelich wurdt.
It ferget karakter en pak troch mei it mentale proses fan hifkje en skiftsje. Wat kin fuort en wat kin bliuwe? Of better sein, wa rommet it fjild en wa kriget noch in jier of wat útstel fan eksekúsje? It ôfskie nimmen is dreech. It skansearre slachfjild bliuwt grif mei grutte kraters oer. It is net oars, ofstân nimme is loslitte. As de reek oplutsen is moat de tiid de groeden slite. Dus dumpe dy hap! Bring de boeken nei it boekenhôf. Kear it paad en sjoch net werom. Dat skept romte yn de holle en plak foar wat nijs op de planken.

Opgong



De hagebeammen
rûke dat it rikket,
it piipkrûd hinget
as reek yn de wâl,
dêrtusken baarnt
it raapsied triljend
mei in sêfte gloede
en de koekkoek dy
bout syn echo nei.

It is maaie, ik fyts
yn in fonkelnije tiid
wifelriedich troch it
bloeien fan de ierde.

Mienskip

It is nuver, mar elkenien seit hoi, moi of goeie ast hjoed de dei even in slach troch de buorren dochst, dat wie neffens my foarhinne selden sa. Benammen poerfrjemd docht it stelselmjittich, net oars as wie it regele by de wet. Dochs is alles fierders noch by it âlde. De maitiid lûkt wer yn de moaiste simmerklean oer it lân. Blommen baaie hast alle dagen yn it blau fan de skjinne loft en it fûgeltsjeguod spaant yn kommisje mei kabaal troch de hagen en beammen. Mar sa’t ik al sei, fytsers, kuierfolk en rinners, it groetet inoar mar ta, ik hear oars neat as goemoarn, goedei en dach. Ik stean der fersteld fan hoe aardich de lju wêze kinne. Hast elkenien docht it. Minsken noch oan ta, je sille mar safolle kunde ha. 
Der binne trouwens ek guon dy’t benaud en wat mijend knikke, al of net mei in fyn glimke om ’e mûle. De stikemerts dy’t har achter swarte sinnebrillen ferskûlje hast fansels ek altyd noch. Oaren dêrtsjinoer swaaie en roppe soms al fan fierrens, datst tinkst dat se dy even ha moatte, mar dat is dan gelokkich net sa.
Wat driuwt elkenien dizze dagen, fregest dy ôf, wat bringt har yn dy fleurige stimming? En soe it sa bliuwe? Of is it mar sa’n rite, dy’t nei de earste de bêste stoarm wer oerwaaid is? Hawar, efkes de hân opstekke kin gjin kwea en it is moai dat it sa kin, dat ik skik my ek mar yn dat sosjale lot dat de minsken yn ’e besnijing hat en dat mienskip hjit.  Mar nuver is it, dat elkenien dy sa fatsoenlik groetet, want allegear gean se mei in hiele grutte bôge fan hast mear as oardel meter om dy hinne. Ferfelend is soks lykwols net, dat om my bliuwt it sa.