23/24

Frede

De tiid tilde
yn dy winter swier oan it jieroersicht
fan de nuvere minskeriten.

Ferwachtingen
fan serene desimberstilte
spielden mei te heech wetter
oer te lege diken fuort.

Foarnimmens fan
ferdraachsumer lûden
fersûpten yn kabaal.

It wie in striid mei de frede
en doe moast it noch
âldjiersjûn wurde. 




Desimber


Wjerlûdich guozzepetear
dûnse oer in flueske snie
en nuet bûgden de beripe
reiden harren fine fearren.

It legelânwetter lei iisklear
yn ’e omkriten fan Smelle Ie,
dat yn in dizige wintersfear
oan ivige frede tinken die.

Ynienen klonk der earne
in tongerjende klap, reagers
spatten as stienslach fuort.

It greidlân kaam yn ’e mist
as in roukleed yn beweging;
ien goes bleau deastil lizzen.


December

Resounding geese talk
danced over a web of snow
where the frosted reed bowed
their fine feathers low.

The water shone as ice
in the misty peatland nearby
and the cold winter sphere
felt like eternal peace.

However, suddenly I heard
a thunderous blow,
shivering herons fled in fear.

The fog in the bog rose
stately like a shroud to the sky;
one goose did not survive.

wille


 De Wille


Ik rûn
doe’t ik it koe
samar oeral wat hinne.

Ik fytste
letter en hyltyd langer
al wat fierder fan hûs.

Ik reizge
oer slingerdiken
en rjochte spoaren,
my lang net fier genôch.

Ik fleach
mei wjokken
boppe de wolken,
dat like der teminsten op.

En ik swom
yn de welle
fan myn wurden,
doe wist ik it seker,
hjir bin ik yn myn elemint!

???












Mystearje

Wat sjochst noch,
as it ljocht dimmet
en de sykjende eagen
omtaaste moatte
yn de skimerwalen 
fan in stilfallende wrâld
om dy hinne.

Wat sjochst noch,
as de kleuren ferinne
en har glâns en gloarje
stadichoan ferlize
om wei te wurden
yn de oanboazjende dize
fan in grauwe floed.

Wat sjochst noch,
ast gjin wurden mear
waarnimme kinst
dy’t de wierheid
ûnder eagen sjen doare
om te beskriuwen
wat se sjogge.

Sjochst dan in planeet
yn in sieltôgjend universum
beskildere mei ljocht
fan ûnbestimde kleuren
dy’t dimmen dôvje
en net mear sear dogge
oan de eagen?

Stoareagest dan ferbline
en tagelyk berêstend
nei de see fan de nacht
yn in kosmyske leechte
dêr’t brutsen weagen
nergens in fêste wâl
mear fine kinne?

net maklik


 It boekemantsje

Hy mocht
graach kleurje,
al wie it wol dreech
om keurich tusken
de lyntsjes te bliuwen.

En doe’t er ek al in
lyts bytsje tekenje koe
wienen de foarmen
alyksa in hiele toer.

Krekt as it skriuwen
mei al dy letters
dy’t min woenen
wat hy woe.

Wat yn’e holle sit
lit him net altiten
maklik stjoere.

Pas letter lieten
de hannen har
better dwinge
mei fingers
dy’t wurden
en bylden
fongen.

Oktober


 

Goudstoarm

Tinkend oan de tún
sjoch ik bekoarlike
kleuren geandewei
troch de tiid feroarjen,

rigen ranke tulpen
en titelroazen
dy’t as herauten
de kop opstutsten

en yn de groeisume
simmer pronken
talrike blommen
ferspraat yn it grien,

mei krûden, klimmers,
boaiembedekkers
en fleurige útrinners
fan ferwyldere túch,

de sinne stipe se
graach, mar giet starich
betider yn dizenige
dampen ûnder,

yn de rin fan oktober
wurdt alles minder,
rimpen smoart de hjerst 
de sterkste tinten.

(frij nei H. Marsman)


Kij

 Kokedei

Strie, hea, stront,
it rûkte as in ynsiedde berm
mei simmerblommen.

Kij, pinken en keallen,
it klonk as in koar
dat in striidliet song.

‘Waar komen ze vandaan?
sei in jonkje nijsgjirrich.
‘By de boer wei’, sei heit
wat noartsk yn it Frysk, as wie it neat bysûnders.

Strie, hea, stront,
de minsken wâden
der gewoan trochhinne.

Kij, pinken en keallen,
de pronk fan grutske feinten
en fammen yn wite klean.

‘Is het koe en koeien?’
frege in moslimfamke nijsgjirrich
‘Ko en kij’, ferbettere
it freondintsje har temûk
mei in glimke om'e mûle.


portret


De Sinflechter

Ik skriuw mar wat:
it binne wurden,
safolle seit it my wol,
mar is it ek de taal
dy’t my ynkringend
wat te sizzen hat?

It proses as ridskip
foar it letterpalet
is net oars as graffity
dat myn byldfoarming
algeduerrich foar
grutte riedsels set.

Want ik kin mysels net fertelle wa’t it docht en hoe't de tekst lêsber wurdt,
al liket it somtiden
krekt as staverje ik
in selsportret.



romte


De Romteflecht

Ik fyts graach wat
oeral hinne
foar de wyn of licht
foaroer der pal tsjinyn
rôlje ik sûnder ferwachting
troch myn romtetiid.

De delslachberjochten
lit ik oer my hinne komme,
net oars as bin ik
ivich waarbestindich
sûnder drege kilometers
yn de skonken.

De tsjillen wintelje
mei ruzjende mûnemacht
op lichte rubberlongen
en fiere my oer alle diken
op it ritme fan de ierde
de ûntdekking fan de fierte yn.



Cornish

 It lûd fan Cornwall


Sliten en skerpe troch bitend wetter

stiet it lân as rûch bekappe byldhoustien,

mei út en troch in hapke strân

ûnderoan de steile kliffen,

te bakken yn de sinne.


Hoe soe it kinne dat dizze wrâld

ferware troch de wyn,

lykwols smûk en grien,

my oan de Wâlden tinken docht?


Op ien ear hear ik noch heal de lette fûgels, 

as it ynlânske lûd fan it keltysk besibbe folk

dat de wurden ferbrutsen, fersliten 

en ferstjerre litte moast.


Ûnder seil fan it it tintekleed

op de kâlde grûn fan graniten klaai

en yn it tsjuster sûnder keunstljochtstjerren,

hear ik fierderop de weagen rúzjen, 

of is it de wyn?


Hoe soe dat klonken ha,

dy taal fan dat âlde folk

freegje ik my ynienen ôf,

dy minskestimmen:

dat bernelûd fan doe?