romte


De Romteflecht

Ik fyts graach wat
oeral hinne
foar de wyn of licht
foaroer der pal tsjinyn
rôlje ik sûnder ferwachting
troch myn romtetiid.

De delslachberjochten
lit ik oer my hinne komme,
net oars as bin ik
ivich waarbestindich
sûnder drege kilometers
yn de skonken.

De tsjillen wintelje
mei ruzjende mûnemacht
op lichte rubberlongen
en fiere my oer alle diken
op it ritme fan de ierde
de ûntdekking fan de fierte yn.