Oer de IE
hjerst
SA GIET IT
Nim no de kleuren
fan in septemberjûn,
noch krekt net oerfallen
troch it tsjustere lot.
Alle giel, grien en read
gliert sûnder ferset stadich
út de aura fan it lêste ljocht
Gjin benaude rop om help,
gjin knau of in flokwurd,
nee men heart se net.
Sa giet it, alles ferwilet,
it giet rap, altyd te hurd,
it is krekt as mei de hjerst,
it oerfalt ús as de nacht.
losbûke
UNTHINDERE
Lavearje sille we,
sydlings en skeanoer
hingjend oan in dream,
fêstklamme oan it roer.
Kliuwe moatte we
as in alpinist yn ’e wolken.
om te sjen hoe’t de loft
him foar ús iepenskuort.
Underfine wolle we alles,
fiele hoe’t de driuw
ús mei in kontragewicht
steefêst nei foarren triuwt.
En brûzjend balte
sil de wylde wetterfloed,
dy’t yn in bestindige kadans
tsjin de boech bonket.
Sa dûnsje we ûnthindere
nei de wiffe kantelpunten
yn meiwierjende streamen,
losbûkjend fan it ferline.
bining
WETTERGEA
Dêr’t de seilen stjoer sykje
en it helmhout dat altyd jout,
dêr’t de skoaten bespile wurde
en in skip of boat in skûtsje hjit,
dêr jildt de natuerwet fan it waar
ambivalent feriene mei silers.
It is de Fryske wetterwrâld,
de habitat dat fisk en fûgel fuorret,
dat ferdampt en ek wer delkomt,
dat opwaarmet en as iis bestjurret,
dat jin talaket, dochs soms ferblinet.
Dat wetter, dat fret jûns it sinnefjoer
en lit it moarnsier of let wer skine,
it wettergea dat we net misse kinne,
dat likegoed ek lân en mins fersûpt,
mar ek de wille fan it swimmen skinkt,
lykas de feromming fan it silen.
Wetter en wyn skypje weagen,
foar each en ear in grut fernoegen,
jouwe driuw oan djippe langsten
yn in ferankere bining mei it wêzen.
grien
sykje
De wegen fan doe binne
der altyd noch, wêr’t se mar lizze:
de sânpaden, de klinkertdiken,
it asfalt dat der oerhinne lein is.
Der wienen fan dy dagen
datst se by dei en by nacht
blynseach wol fine koest,
no moatst der soms nei sykje.
Weromgean liket fansels
op thúskomme, by’t winter
likegoed as by’t simmer, sels
as it paad dreech te nimmen is.
Underkommens út it ferline,
ferboud, opbaarnd of sloopt,
se bliuwe bestean en te finen
oer de âlde wegen fan de tiid.
En de bewenners fan doe,
dy’t der noch binne, binne
gauris op’ en paad en sykje
nei wat se net misse kinne.
sâlt & sentimint
Nei De See
Hoe’t de see der hinne leit
is al sa faak beskreaun,
besongen en staljûn yn bylden:
lyryske wurden net genôch.
Wat sil ik der dan fan sizze,
fan dat ûnbidige ûnderdiel
fan it ûnbegryplike grutte gehiel
en dy lichte streek oan de kime
dy’t altyd mar yn beweging is.
Dy grutte dobbe is de yllúzje
fan in tige djippe leechte
foar it each en tagelyk
in ûnmjitlik swiergewicht
dêr't we net omhinne kinne.
It sûzet as bloed yn de earen,
it rûkt as de hûd nei de nacht,
en it krûpt dy bytiden as fingers
by de bleate skonken omheech,
mei’t it dy suver tinken docht,
dat de see in libben wêzen is
dy’t dy wat sizze wol.
Mourir un peu
It eilân achterlitte:
it ûntwyk yn de see
fan myn doarmjende tiid
mei jimmer blauwe loften
fol dûnsjende kobben.
Ik beskriuw se as in klisjee
fan myn langsten, want
ik hearde se faak sjongen
as rôpen se myn namme.
De dynjende dunpaden
droegen my altyd op hannen
nei it ljocht op it strân,
dêr’t ik my neaken net skamme.
Dat eilân lit ik achter,
mei de waarme bêden
fan myn stilste nachten,
wylst de floedbaren achter my
brekke yn de rûchste brâning
en ik fergees wachtsje sil
op it roppen fan myn namme.
slyk
Lâns It Waad
Sa’t it der leechrûn by leit,
sa sil ik dy healbizen sompe
besykje te beskriuwen:
as in fersplintere spegel
fol djippe wettergroeden,
dêr’t guon trochhinne ploege
om de oare kant te berikken.
Ik fyts drûch en rjochtingleas
oer de sljochte dyk dy’t der
dellein is om it wantij fan dy
deastille massa te kearen,
it ferifeljende sâlte sop,
dat lykas de moanne stadich
mei de floed ta libben komt,
glinsterjend yn dôvjend ljocht
as smeulend sintelfjoer.
Dan komt der gjin folk mear
te foet oerhinne, inkeld noch
mei in fearboat op syn tiid
of as Charon har hellet.
Maaie
nij
DE NIJE
De nije is as in gazelle,
rint as in gazelle en stoot
as in gazelle lâns de greiden
troch de smûke wâlden.
Ja, de nije sprint en jeit
sûnder te stinnen oeral hinne
en nimt sels mei gemak.
de alderminste paden.
De nije is o sa oanfallich
en like jong as fluch foar elk
om syn gerak te krijen.
Want tusken de skonken
is de nije Gazelle
net te hâlden.
nei de kjeld
APRIL
What lies down waiting,
trapped below a winter’s yoke,
is ever restlessly longing
for the scent of a new stage.
Fragile, yet equally bold,
it’s creeping as burgeoning green
through the cold layers of frost
from the shelter of the lower slopes.
What wakes becomes growth,
like nimble silver willows
with pollen of golden-yellow.
Freed from the biting cold,
it merrily blows through the air:
belonging to a free world.
by't lemieren
Maart
It farske ljocht,
fluïde en brekber,
wurdt alle dagen ljochter.
De belofte fan it ûnferwachte
op weagen fan ferlangen
fersterkt stadich de grûntoan
oer lân en wetter.
It tierige ljocht riist,
lykas jimmer west hat,
flústerjend út it skimertsjuster
en boazet ûnfersetlik oan
om mei immersive gloarje
de sekuliere sinnestim
fan it lemieren te ferheffen.
Dat waaksende ljocht
fan maart baarnt sterk
en alle dagen skerper.
Dy kosmyske krêft tsjoenet
ús reinbôgekleuren yn 'e eagen
mei in nij rekord fan waarmte
as soe't al Maaie wêze.
leech
Kâlde Kaaien
Hûs, do bist leech,
azemleaze stien fan binnen en fan bûtenút, wat is dyn thús noch wurdich?
Dyn lûd wurdt stil beharke,
de rúten iepenfinsterleas,
alle doarren sletten, kâlde kaaien
dy’t se ôfsluten hawwe.
Waarmte rûn hoasfuotling
troch dyn keamers, stimmen
streamden bûtenút en binnenyn
troch de doarren fan dyn jierren.
Dyn ûnthâld is no bekiste,
sûnder fundearring bewarret
Hûs wêr is dyn fûnamint bedarre?
Sear
YSBAARLIK
By needlottige omstannichheden
binne der gjin fersachtsjende
omstannichheden, tinkst
mei beide roukaarten yn de hân. Wat sear docht, docht sear,
der is gjin salve oan te striken,
sikest fergees om pleisters.
Pine is pine, soms saksearret it,
altiten bliuwt it âld sear.
It is gjin proaza of in gedicht
dêr’t in hieljende boadskip yn sit. Leist it net samar as in boek
oan de kant, dan skuorst it
leaver earst folslein yn stikken, om it as oerstallige wurden
yn in sniejacht oer de groeden
fan in ysbaarlike winter
ferwaaie te litten.















