Frede
De tiid tilde
yn dy winter swier
oan it jieroersicht
fan de nuvere minskeriten.
Ferwachtingen
fan serene desimberstilte
spielden mei te heech wetter
oer te lege diken fuort.
Foarnimmens fan
ferdraachsumer lûden
fersûpten yn kabaal.
It wie in striid mei de frede
en doe moast it noch
âldjiersjûn wurde.