Fingertaasten



Doe't letters wurden waarden
en taal noch woeks, kraste de
kroantsjepinne myn spoaren
skerp tusken de lyntsjes troch.

Spoaren fan eartiids dy't as
printen beklibben oan âlde
lapen mei ribbelige rânen: 
smetten fan ûnskuldich libben.

Doe't wurden sinnen waarden
en de taal djipper bewoartele,
skreaun de balpinne út´e rigel
myn ferhaal mei brike halen.

Doe waard it skreaune wurd
in masinetaal, it sljochte skrift 
beprinte it besmetlik lint mei
tekens fan takomstich libben.

En no riuwe de letters har op
it skerm ta wurden as digitale
kralen oan ien lange tried ta
in ferskaat fan swetsferhalen.

Mar ik mis de fingertaasten
fan myn âlderearste wurdsjes.
Ik mis de smaak dy't klibbe op
it puntsje fan myn blauwe tonge.
Ik mis de rook fan de inketlape.

Healwei Maaie


Op´e skulpen by de mar del
njonken it griemerige leaf
waakst in glimp fan moarn
ferside yn it huverige grien.

Oer dat paad dat kriemt
en mids de sleatten lâns
ûntkymjend reidlân rint
sil de tiid de fierte fine.

Nei in libbenslange wei en
oer de grinzen sûnder sin 
gean ik lykas fjouwerjende
hynders op 'e romme wyn.

Fierder eagjend oer de kime
mei de langsten fan in bern
jou ik my op frije wjukken
wurden sykjend yn´t ferwin.