It byld

Under wurden bringe is it minste net, mar hoe bringst de ûnderfining fan in ierdskok yn byld? Dat kin dy dwaande hâlde ast fanwegen dy malheur net mei de trein fierder kinst en ek net werom. Dan begjinst te tinken om de gedachten te fersetten. It byld datst fan de triljende ierde yn' e holle hast kinst fan foto's en fan de telefyzje. Of fan in realistyske rampenfilm. Hoe't it fielt as it midden yn'e nacht 80 kilometer fierderop bart en dyn bêd skoddet en kreaket sit my no noch yn de lea. De lichte neiskokken binne lykwols hast like slim, dêr skrikst algeduerich wer op'e nij fan. Faaks seit dat plestik fleske genôch, dêr't it wetter seismysk yn begjint te triljen as bewiis dat it gjin ferbylding is.

De Dome



Hjoed ha ik
beskamme skriemd.
De sinne wie fûl
en ik hie ferlet fan drinken.
Ik stie yn de stêd,
dêrt it fjoer fan de hel
trije dagen baarnde
en it wetter read wie
fan ferskroeide liken.
Doe wist ik lykwols dat
ik gjin toarst hie,
mar in stik yn de kiel.

Ferjaan en ferjitte
lies ik earne oars
op in skansearre stien.
Ik koe it my net begripe.