medium


Mei in iepen doek komme op it toaniel pakkende foarstellingen ta libben, wylst dy dramatyske dynamyk op it wite doek yn de bioskoop faak ek te bewûnderjen is. Gâns duorsumer is it fisuele effekt fan it beskildere doek, dêr kinne sels de grappen en grollen fan Youtube net tsjin op. In goed skilderij sprekt mei syn útdragende keunst iuwenlang ta de ferbylding. It ferstille ferhaal fan it skildersmedium komt op seal mei museumpublyk ek moai ta syn rjocht. Grut of lyts; klassyk of modern; abstrakt of figuratyf: it doek wol him jilde litte.


Op in statysk keunstwurk lykas in skilderij stiet de tiid stil en komt der tagelyk fan alles yn beweging. Net allinnich kleur, foarm of de djipte, mar foaral de tsjinstellingen fan it bestean. Hichtepunten en djiptepunten. Wille en pine. Libben en dea. Mei in ynkringende, ekspressive symbolyk witte sommige skilders de hurde werklikheid permanint foar it ljocht te bringen. Djiptepunten yn de beskaving troch de grouwélige gefolgen fan machtspolityk. Ferhalen fan alle tiden. Grif warskôgje dy skilders ús dat it ophimmeljen fan tirannen út it ferline, de tirannen fan it heden frij spul jouwe en diktators fan de takomst yn it sadel helpe. Spitigernôch stiet dat noait mei safolle wurden op it doek beskreaun. Dêrom stiet it hjir.


mappa mundi


Boppe de wrâld is gjin himel, allinnich in heldere, skjinne loft dêr´t, om der te kommen gjin betingsten foar bestean, oars as wat jild en in bytsje gelok.
Boppe de wrâld is gjin lânskip dat fiere kimen bestrykt, mar inkel it ile beskot fan de lucht en in ferrifeljende skossenflier fan bergen en wolken.
Boppe alles ferheven kinst fan tinken wol ha dat it bestean sûnder doel ferdwynt yn in boaiemleas perspektyf fan tiid en romte, dochs bist op dy hichte net foargoed ferlern, want heech oer lân en see roait de almachtige Google-god dyn globale plak en mjit mei bûtenierdske sinjalen tagelyk de stjerlike djipte ûnder syn alles oereagjend tafersjoch.  

spoare

De trein spoart op tiid. Yn de kûpee slûgje wat lette studinten, de measte reizgers sitte lykwols oan´e grize kant fan it bestean. In frou - krekt ynstapt - stoartelet as hikkesluter yn de al wer ridende trein troch de kûpee. Pûstend blaast se it steile ponyhier omheech. Bliid mei in plakje oan it gongpaad freget se, in bytsje stammerjend, fatsoenlik om romte. It op in mobyltsje stoareagjende famke by it rút heisteret opstannich har tas oan 'e kant. Suchtsjend ploft de frou del. Op 'e skoat omklamje har mûtele hantsjes in grutte hântas.
De konduktrise komt der oan. Kaartsjes en paskes ferskine út bûsen en tassen.
Oan de frou mei it ponyhier freget se: 'Mei ik jo ferfierbewiis ek even sjen?'
'B-bertebewiis?' stammeret dy licht yn panyk.
'De iepen-bier-ferfier-pas!' glimket de konduktrise súntsjes.
Nei fiif minuten nerveus klauwen en sykjen klinkt it: ´D-d-dy ha'k tink 
f-fergetten.'
'No -no!', begjint de spoarbeamte op hege toan tsjin de passazjier gâns âlder as harsels, 'dat is net sa bêst, dan moatsto tink mar even in ferske sjonge.'
It wurdt mûskestil yn de stiltekûpee. De poerferlegen frou, hast like read om´e holle as har jas, hakkelt:  'M-m-marr... '
'Wêr sil de reis hinne?' wurdt se ûnderbrutsen. Har bestimming wit se gelokkich wol. 'Nei it wurk, op it deiferbliuw.'
'O?'
Hast ek in identiteitsbewiis by dy?
'Dy sit yn de b-beurs'.
'En dy leit seker thús.'
'Ja!', seit de frou suver feromme, 'ja, op de t-t-tafel!' Dêr is se ek wis fan. Fergetten is net ferlern.
De konduktrise pakt der in opskriuwboekje by.
'Dan sille we dyn gegevens even notearje moatte.'
De namme komt der flot út.
'Moai, en it adres?'
Lûkend oan de skouders fisket de frou in map út har tas. Iepenteard falle njonken in grutte foto fan harsels de twa rigen kleurige winkelpaskes it measte op. Achterop de foto stiet in adres.
De konduktrise knikt nei de samling plestik kaartsjes. 'Sit de ferfierspas dêr net tusken?'
'Néé', klinkt it lilk, 'd-dat kin net, d-dan reitsje ik hielendal yn de war.'
De konduktrise meldt it gefal fan swartriden mei har mobyltsje by it kantoar fan it spoar. Letter foar letter staveret se de namme fan de foto.
 Op 'Ja, nee, ja en nochris ja', folget 'tankjewol' en 'doei'. Dan begjint se te skriuwen. Yn blokletters,  krekt en sekuer. As lêste set se ûnderoan in kribeltsje. De frou yn de reade jas sjocht it burokratyske barren benaud oan. Wat rûch kriget se it skriuwblokbriefke yn de hannen drukt.
'Sa', kriget se koartôf te hearren, 'hjir kinst hjoed mei fierder reizgje, mar pas op, net werom nei hûs!'