Mei in iepen doek komme op
it toaniel pakkende foarstellingen ta libben, wylst dy dramatyske dynamyk op it
wite doek yn de bioskoop faak ek te bewûnderjen is. Gâns duorsumer is it fisuele
effekt fan it beskildere doek, dêr kinne sels de grappen en grollen fan Youtube
net tsjin op. In goed skilderij sprekt mei syn útdragende keunst iuwenlang ta
de ferbylding. It ferstille ferhaal fan it skildersmedium komt op seal mei museumpublyk
ek moai ta syn rjocht. Grut of lyts; klassyk of modern; abstrakt of figuratyf:
it doek wol him jilde litte.
Op in statysk keunstwurk
lykas in skilderij stiet de tiid stil en komt der tagelyk fan alles yn
beweging. Net allinnich kleur, foarm of de djipte, mar foaral de tsjinstellingen
fan it bestean. Hichtepunten en djiptepunten. Wille en pine. Libben en dea. Mei
in ynkringende, ekspressive symbolyk witte sommige skilders de hurde werklikheid
permanint foar it ljocht te bringen. Djiptepunten yn de beskaving troch de grouwélige
gefolgen fan machtspolityk. Ferhalen fan alle tiden. Grif warskôgje dy skilders
ús dat it ophimmeljen fan tirannen út it ferline, de tirannen fan it heden frij
spul jouwe en diktators fan de takomst yn it sadel helpe. Spitigernôch stiet
dat noait mei safolle wurden op it doek beskreaun. Dêrom stiet it hjir.