Stoarm




Delgong

It âlde hûs gûlt
lûkerich smûgend
yn stien en foech.

It kniesde bynt
knapt en kreaket as
in ferkalke bonkerak.

De finsters swije
ierdeswart, wylst it
pandak wrakselet.

It jierrige beskot,
amper noch grûne,
rekket stadich los.



caritas





‘Wêrom bisto eins lid fan de biblioteek?’
‘Wêrom soe ik it net wêze?’
‘Do lienst ommers noait in boek?’
‘Ik kom der wol geregeld om kofje.’
‘Is de kofje dan by’t abonnemint ynbegrepen?’
‘Nee wis net, dêr betelje ik foar, mar ik krantsje fergees.’
‘Ast it abonnemint opseist al, ja.’
‘Och, dat lidmaatskip is mar fyftich euro.’
‘Dêr kinst yn de boekhannel wol twa boeken fan keapje.’
‘Ja, ast sa begjinst te rekkenjen, dan kin ik ek wol fyftich boeken by de omrinwinkel helje.’
‘Presiis, en de kofje is der fergees.’
‘O, ja? Dus dêrom kofjedrinksto yn de omrinwinkel.’
‘Ut in papieren bekerke smakket it ek poerbêst.’
‘En keapest dêr dan boeken?’
‘Soms.’
‘Dochs net fan dy snústerige ôflizzers, mei fingertaasten en slanters, wol?’
‘Der lizze ek spiksplinternijen by.’
‘Dat mienst net. Krekt as yn de biblioteek dus.’
‘En kinst by de omrin alle Fryske skriuwers fine foar in euro it boek. IEN euro!’
‘Tsjong, dat is net ferkeard, mar do lêst ommers noait Frysk.’
‘So what? De opbringst fan de omrinwinkel is foar in goed doel.’
‘Dat is my ek wat, boeken keapje en se net lêze.’
‘Ja, mar ik bring se nei ferrin fan tiid altiten werom.’
‘Dat moat by de biblioteek ek!’
‘En dat kostet dy dus fyftich euro yn ’t jier.’
‘Och, goed besjoen is dat ek foar in goed doel!’