I.M.

DE KOARTSTE DEI

Desimber glinstere
yn it tsjuster fan syn nachten,
kâld wachte it midwinterfjoer
op it kearpunt fan de koartste dei.

Thús baarnde fergees in ljocht
yn de skimer fan in nij ferline,
in fûgel fleach swijend
nei de stilte fan de langste nacht.

It lot fan de achterbliuwers
is de treast dy’t amper te finen is,
want mystyk is ek mar fantasij
en ivichheid in lichte wynflaach
op in lange, ûnbekende wei.