nei de kjeld

 APRIL


What lies down waiting,

trapped below a winter’s yoke,

is ever restlessly longing

for the scent of a new stage.


Fragile, yet equally bold,

it’s creeping as burgeoning green

through the cold layers of frost

from the shelter of the lower slopes.


What wakes becomes growth,

like nimble silver willows 

with pollen of golden-yellow.


Freed from the biting cold,

it merrily blows through the air:

belonging to a free world.






APRIL

Wat ûnder in winters jok
delbêde en yn ’e knipe sit,
longeret ûngeduerich altyd
nei de rook fan in nije tiid.

Broazel, mar likegoed bretaal,
krûpt it as groedzjend grien
troch de kâlde grûnfroastlagen
út de dekking fan de ûnderwâl.

Wat waakst wurdt gewas,
lykas linige wetterwylgen
fan sulver mei goudgiel stof.

As storyp dúst nei de kjeld
waait it lustich troch de loft:
eigendom fan in frije wrâld.


by't lemieren

Maart

It farske ljocht,
fluïde en brekber,
wurdt alle dagen ljochter.
De belofte fan it ûnferwachte
op weagen fan ferlangen
fersterkt stadich de grûntoan
oer lân en wetter.

It tierige ljocht riist,
lykas jimmer west hat,
flústerjend út it skimertsjuster
en boazet ûnfersetlik oan
om mei immersive gloarje
de sekuliere sinnestim
fan it lemieren te ferheffen.

Dat waaksende ljocht
fan maart baarnt sterk
en alle dagen skerper.
Dy kosmyske krêft tsjoenet
ús reinbôgekleuren yn 'e eagen
mei in nij rekord fan waarmte
as soe't al Maaie wêze.



leech


Kâlde Kaaien

Hûs, do bist leech,

azemleaze stien fan binnen en fan bûtenút, wat is dyn thús noch wurdich?


Dyn lûd wurdt stil beharke,

de rúten iepenfinsterleas,
alle doarren sletten, kâlde kaaien

dy’t se ôfsluten hawwe.


Waarmte rûn hoasfuotling

troch dyn keamers, stimmen
streamden bûtenút en binnenyn 

troch de doarren fan dyn jierren.


Dyn ûnthâld is no bekiste,
sûnder fundearring bewarret

in nij dak de namme fierder.
Hûs wêr is dyn fûnamint bedarre?



Sear

YSBAARLIK

By needlottige omstannichheden

binne der gjin fersachtsjende

omstannichheden, tinkst

mei beide roukaarten yn de hân. Wat sear docht, docht sear,

der is gjin salve oan te striken,

sikest fergees om pleisters.

Pine is pine, soms saksearret it,

altiten bliuwt it âld sear.

It is gjin proaza of in gedicht

dêr’t in hieljende boadskip yn sit. Leist it net samar as in boek

oan de kant, dan skuorst it  

leaver earst folslein yn stikken, om it as oerstallige wurden

yn in sniejacht oer de groeden
fan in ysbaarlike winter

ferwaaie te litten.










IEN

IT BEGJIN

Soms is it sa, dan begjinst
yn in winter fan gedachten
mei it ôftellen by it begjin,
omdat it te ferwachtsjen is.

Dan stiest stil by de dagen,
wiken en moannen mei wille
en soms ek mei ûnbehagen:
as in reis oer mannich jierren.

Meast mei in moaie maaie
en troch gaadlike simmers
nei de hjerst út de haaiïng;
oant de kjeld fan de winter!

En oan de ein tinkst faak:
werom moat it sa ferinne?
Mar it is no ienkear sa, en
dan begjnst wer by’t begjin.