Sear

YSBAARLIK

By needlottige omstannichheden

binne der gjin fersachtsjende

omstannichheden, tinkst

mei beide roukaarten yn de hân. Wat sear docht, docht sear,

der is gjin salve oan te striken,

sikest fergees om pleisters.

Pine is pine, soms saksearret it,

altiten bliuwt it âld sear.

It is gjin proaza of in gedicht

dêr’t in hieljende boadskip yn sit. Leist it net samar as in boek

oan de kant, dan skuorst it  

leaver earst folslein yn stikken, om it as oerstallige wurden

yn in sniejacht oer de groeden
fan in ysbaarlike winter

ferwaaie te litten.










IEN

IT BEGJIN

Soms is it sa, dan begjinst
yn in winter fan gedachten
mei it ôftellen by it begjin,
omdat it te ferwachtsjen is.

Dan stiest stil by de dagen,
wiken en moannen mei wille
en soms ek mei ûnbehagen:
as in reis oer mannich jierren.

Meast mei in moaie maaie
en troch gaadlike simmers
nei de hjerst út de haaiïng;
oant de kjeld fan de winter!

En oan de ein tinkst faak:
werom moat it sa ferinne?
Mar it is no ienkear sa, en
dan begjnst wer by’t begjin.