Stilte
Yn it jûnskaad
fan myn simmertún
jout it twiljocht
stadichoan beliis.
Hoeden bemantelje
tinne skimerlûden
as spinreach
it ierdske leven.
In swarte krie skelt
noch hurd even
mei grauwe flokwurden
de tsjusterjende
himel stikken.
Dêr, dimmen delbêde,
dichtsje myn gedachten
oer de stilte fan de nacht
op kommendewei
en mis ik
de libbene kleuren
fan wer in ferlerne dei.
De Slachte
De ûneindichheid berinne
Ik rûn tiidleas tinkend
troch in greidegriene see
oer in stik fan de Slachte
sûnder in spoar fan minsken.
Dêr earne tusken de himel
en de ierde stie ik even stil,
ik hearde inkeld de wyn
en wat fûgels om my hinne.
Deemoedich frege ik my ôf:
soe dat ivige boeresimmerlân
en dy lea ferwrotten âlde dyk,
faaks ea wer yn see ferdwine?
Wat is it dan in grut foarrjocht
dat ik hjir hielendal allinnich,
sûnder kloften minskefolk even
de ûneindichheid berinne kin.
De reis
Is it in reis
ast op paad en wei
troch de tiid
omfierrens giest,
mar net witst
wêrst hinne silst?
Is it in bestimming
ast oer drokke wegen
nei ferrin fan tiid
in rêstplak fynst
mar net witst
wêrst bedarre bist?
Is it dyn libben
ast weromsjochst
yn de weirekke tiid
nei de rûge spoaren
dyst fernuvere
achterlitst?
Maaie
Festina Lente
Ik bin de wrâld yn fytst
om doarp en stêd hinne
oer lege lanterfantdiken
om de Maaie te hifkjen.
It is in ierebetide flecht
sûnder ferlet fan minsken
en it eachsein stiket net
op ôfsletten grinzen.
Boppe it ûnskuldige grien
yn suver ûnbedoarn blau
skynt de raapsiedgiele sinne.
Dêr, tusken it nuete wyt
fan de rokige hagetoarnen
fyts ik stadichoan de tiid út.
Fûgelfrij
Ik sjoch graach
wat om my hinne
mei in iepen each
nei nijsgjirrige dingen
dy’t my ûnderweis
tsjinkomme sille.
De wrâld is in reis
dyt’st oeral makkest,
net oars as in flecht
oer in see fan bylden
mei it perspektyf
dat in frije fûgel hat.
Wêrhinne is al hast
in bestimming en dêrhinne
is krekt in hûs as thús,
dêrom is it eins spitich
datst altiten op dyn paad
weromkomme moatst.
de blues
Abonneren op:
Posts (Atom)