Dêr

Tiid en talis sette in minske yn beweging, de bestimming en it barren jouwe it sin in doel om op ’en paad te gean. Wêrhinne? Alwer nei in stêd. It wie gjin wrâldreis, sels net by Dokkum om. Foar in reizger dy´t even ferdwine wol bêst te dwaan. Ik belâne op ’e nij yn in Prinsetún. In park eins, mei famkes yn it gers en in junk dy’t noch wol in euro foar in joint brûke koe. In park dêr’t tal fan literêre lûden tsjin it dak fan griene monuminten wjerkeatsten. In park om in slach trochhinne te gean en te fielen oan ’e doar fan in timpel dy’t as in foarportaal fan it Walhalla samar iepen gong. In timpel foar de siele, mei fiif wytmoarmeren geastesbern fan in byldhouwer yn it skimerljocht. Dêr, yn dat skiere oard wachtsje te moatten, neaken en mei bline eagen. Wêrop? Hoe lang noch? Ik gong fierder. Ik socht en fûn in oar hillichdom. Gjin timpel fan Luxor of in Parthenon lykas op de Akropolis fan Athene. En ek gjin stupa fan Hantum, mar in muzykpaviljoen oan it wetter. By dizze gelegenheid in poadium foar foardragers en oare praat-firtuoazen. Wylst it sinneljocht troch de tûken miggele klom ik nei in terras op it âlde bolwurk. De prelude yn ’e koepel wie in soundcheck fan trije kertier. Doe kamen de wurden fan de dichters dy’t om priis en preemje mei-inoar yn ’e slach gongen. Slammers! Allegear woenen se har slach slaan. Nettsjinsteande myn earsteklas sit spile de wedstriid him achter in grutte treurwylch ôf. Yn dy beheinde optyske akoestyk harke ik nei it wurk fan in ferskaat oan poadium-poëten. Slamme is jong sa die bliken, en heftich, oars as rappe, mar net minder redenryk. ‘Dit is in begjin,’ dichte de earste kandidaat, ‘in meldij om te stjerren’. In opponint bearde oer ‘it grutte ferdwinen’. Ik hie it fuort yn ’e gaten, it wie wer dichtsje tsjin it libben yn. Oan de ein ta en fol fjoer. Slamme is teater. It wie my moai genôch en ha de kriich net útsitten. As ôflaat kocht ik in skreaun fers fan in dichter mei in reade puntmûtse op. Yn in glêzen hokje ferkocht er syn taalrike wurden op in kaartsje, foar ien euro.
         I’m a poet,
you’re poet
and life is a
poet forever. 
      ( P.G. Collier)

Sa wie´t sawat. Ik rûn noch in rûntsje oar it spoar fan sân dat him as in web om it wetter wûn. Op in bankje jûch ik my del.Stoareagjend yn de spegel fan myn koarte heden as dichter  naam it park my stadich op yn de skoat fan syn ferbylding.