Eartiids - sis mar yn de maaie fan dyn
libben - seachst daliks oan de titel fan in boek datst it al ris earder lêzen
hiest. Mei it opsleine byld fan it omslach wie de biblioteek yn dyn holle noch makliker te ûnthâlden. De kâns datst foar
de twadde kear oan itselde boek begûnst wie dêrom frij lyts. Sa kaamst boek nei boek fierder
troch de tiid fan dyn lêzend bestean. Dat soks op en doer feroarje soe stiest
net by stil. It kearpunt slûpte der lykwols stadich yn.
Op in stuit naamst by in nijsgjirrich
âlder eksimplaar twiveljend earst de tekst
op it kaft ris goed yn dy op. Kaam it dy bekend foar? It like wol in hiel oar omslach.
Wer wat letter - sis mar wat fierder as healwei de lêswille fan in lange simmer - moast by in
oantal boeken earst troch haadstik ien hinne. Hiest de nammen faker sjoen?
Inkeld begûnst ek oan haadstik twa, om it ferhaal wat better thúsbringe te
kinnen. No is it bytiden al safier datst folslein troch in boek hinne moatst en
stel nei it lêste haadstik fêst datst it earder lêzen hast. Of net? Wer dy
twivel. Dat seit dan wol wat. Dan is it hjerst. Dan kinst foar de winter moai
wer op nij begjinne mei al dy ûnbekende boeken dy'tst yn de kast stean
hast.