hegerop

Datst dêr dan sitst te bekommen yn de sichtline fan de toer, mei skroei yn 'e longen en kerbintige skonken fan de krapoan tûzen stappen op en del, oer de stiennen treppen fan dy âlde Dom.
It wie in drege toer.
Dat is watst yn dy omgean litst en dy tinken docht, dat út dy hichte fan sa'n hûndert meter wei, de djipte dêrûnder dy likegoed wol wat die. Dat wie bysûnder, benammen datst dêr ûnberikber boppe de swijende klokken stiest, as wiest in god: as koest it oerwurk fan de tiid fersette en dysels sitten sjen, anonym tusken de nammeleazen.
Dat is in wûnderlike gedachte, wylst njonken de pilaren yn de lucht fan de grêft kofje sitst te drinken tusken in griemmank fan praters en harkers. Ja, in memorabel momint, dêr yn dy stêd mei de literatuer yn it hert en it lûd fan poëzij yn de nacht. Dan sjochst omheech en tinkst: goed, dat barren hat west, no is echt. Al fregest dy wol ôf wat dat mantsje dêr op itselde stuit docht, dy't dêr hegerop oer de râne fan stien nei ûnderen sjocht.