Moat in skilder wol tekst en útlis jaan oer syn wurk?
It hoecht om my net. As it goed is, dan docht in treflik skilderij syn eigen
ferhaal. Dan lit de foarstelling op it doek al in ynderlik lûd hearre dat
ûnderhâldend genôch is, lykas in roman de ferbylding achter de wurden yn in
eigen taal fertelt. Derom soest sizze kinne dat de taljochting fan de skilder
der feitlik net ta docht. Sa hoecht in skilder him neffens my ek net te
ferantwurdzjen oer wat him driuwt en al hielendal net oer wat er mei syn wurk foar
eagen hat. De objektive skôger moat as in ûnôfhinklike geast it ferstân de
romte jaan en goed harkje nei de stim fan de ferbylding. Nee, in skilderij
wurdt der nei alle gedachten net better fan as de keunstner syn motivaasje
ûnder wurden bringt. Lit it pinsiel mar fertelle. Lit de kleuren mar sprekke.
Lit it perspektyf de ferdjipping mar bleat lizze.
It wurk fan de skilder Gerrit Wijngaarden fertelt yn
dichterlike stilte syn eigen ferhaal. Sprakeleas wurdt it yn in bûtenwenstige
toansoart op it doek beskreaun. De ferbylding fan de taskôger kriget
wiidweidich de romte. Under statyske loften reizget er troch in lykmoedige
wrâld mei in weareld oan tagonklike leechte. Bedimme kleuren skeppe lânskippen en seeën yn in sprekkende byldtaal, dy't lykas poëzij fragen opropt,
mar antwurden skuldich bliuwt. Ferwurde yn it lichte ljocht mei in bespegeljende
lading docht it swijsume wurk fan Gerrit Wijngaarden oan âlde tiden tinken. In
wrâld mei de ferlerne stilte dêr't men weemoedich nei weromsjocht. In libben
dat net mear bestiet. It is it ferhaal fan geduld en fredigens dat ús yn de
tiid ûntkaam is. Wa't by steat is en lit it yn him omgean sil der grif wat fan
weromfine. En dy't net wit dat dy wrâld oait bestie: sykje net langer, mar
iepenje de eagen. De ûnderfining sil in iepenbiering wêze.