Tink oan flinterswart fluwiel
mei licht en
loftich hingjend hier
dynjend yn in
trinten ritme.
Hear de galante
trêd los en linich
fan besleine,
izersterke skonken
en it fjouwerjend
beslach, stipe
troch ymposante, brede
skoften.
Skôgje de grutske
eachopslach
mei it fûleindich,
fonkeljende ljocht
skalk en beslipe: dochs
trou en wach.
It is de geast fan
libbenskracht,
dy't as Sleipnir
yn in hege flecht
út 'e hichte op de
wrâld delsjocht.