in metafoar


Wa bart it net en sjoch in poerfrjemd wolris foar kunde oan? Dat hie ik mei dy man ek. Ynienen kaam er foar it ljocht, as rûn er dwerstroch in ûnsichtbere tiidmuorre it libben yn. Myn earste wie: ik ha dy earder sjoen. Mei de tas op 'e rêch wie it in trochsnee reizger. Ien dy't de tiid oan himsels hat. Alteast, dêr seach ik him yn 't foarbygean foar oan. Wylst er in pear tellen stean bleau, hifke er de wrâld. In hâlding, tocht ik. Wifeljend oer wat er soe, die er him foar as wist er wat er woe. Der kin ek mear spile ha. Miskien hie er krekt ôfskied naam dat him swier fallen wie of koe er by in oar in waarm wolkom ferwachtsje. Hoe't it ek siet, hy sil grif mei rjocht en reden syn achterlân ferlitten ha om yn it momint fan it heden te stappen. Myn heden. En wat myn eachweid by tafal fong, rekke ik net licht wer kwyt. Lykas in persoan yn in ferhaal dy soms as âlde kunde bybliuwe kin. In namme skeat my lykwols net yn 't sin.
Troch by syn ferskining stil te stean besefte ik, dat we ûnderdiel fan in mienskiplik eachpunt wurden wienen. Ik folge syn ûndersykjende blik. Ik meunstere wat hy meunstere en taksearre de situaasje. Ik redenearre en oardiele oer him as gong it mysels oan. Ik koe allinnich net foar him tinke en ik frege my ôf wat hy tocht. Wat wist hy, dat ik net wist? Wêr soe er hinne? Of wie er net folle wizer as ik? It like as hie syn doel gjin doel en gong er in paad dat er noch net koe. It wie helder, we wienen allebeide noch net te plak, as reizgers yn diaspora, dy´t net deselde bestimming ha. Elk op himsels en tagelyk tegearre, die it der dan wat ta dat we ek ergens oars wêze kind hienen? Us treffen like op fiksje, wy spilen in skets mei in dûbele laach.
Wa reizget net yn sa'n ferhaal? Hjir stean, dêr wenje, nergens bliuwe. Net ferlitten, al of net allinnich. Gjin finzene, sûnder mis al ûntsnapt! Frij om te gean. Inkeld de tiid ha we net yn' e macht. In wierheid dy't der net om liicht, sels as in klok gjin wizers hat.