tuike oan

Wêrst ek bist, oeral ferhâlde tiid en ôfstân har ta inoar lykas tekst mei papier. Dochst it mei beide tuike oan om der troch te kommen, dan nimst it measte op. Easy does it dus ast feitlik nergens hinne hoechst. Dat avensearret fansels net bot, mar stadige wegen binne gjin omwegen.
En wêrst ek hinne giest, it each wol sines ek ha. Te foet hifkje ik de stêd op syn merites. Foarkommen, foarm en folume, ik kin der net omhinne. Yn 'e hichte, breedte en djipte beslacht de omfang fan fêste massa it blikfjild. Suver oer en tefolle, it is amper noch út te meitsjen wat wol of net besjen lije kin. It grutte ferskaat fan gevels wjerspegelt âld en modern en yn har skaad krewearje de minsken yn in drift om te oerlibjen. Dat it tempo fan in metropoal heger leit as minent sit my nergens yn´e wei.

Dat nergens nimt de romte dy't ik wol brûke kin en dy romte is in ferhaal mei in iepen ein. Letter foar letter druk ik dy ynfal yn de notysje-app fan myn tûke telefoantsje. Tink ik lykwols wat djipper oer de wurden nei, dan wurdt de fergeliking hurd minder. Alle ferhalen ha ommers in definityf ein, sels as de reade tried nei in soad omwegen wer by it begjin útkomt, krekt as in reizger dy't lang om let wer op it tsjinoerstelde plak fan syn bestimming belânet. Dat is net myn ambysje. Ik bin ab ovo fan hús tein. It liedmotyf driuwt noch op de wynfearren fan myn gedachten. Om de gong der yn te hâlden brûk ik oeral en nergens wat my ynfalt, al leart de ûnderfining dat soks yn de measte gefallen gjin grutte ivichheidswearde hat. Mar dat docht trochstrings letter pas bliken, ast by tafal de oantekeningen wer ûnder eagen krigest. Wêrst ek mar bist.