omgong

Ja, it is it lôgjende ljocht en de woelige kleurensee: turbulint en rûzich as in twirre. As fruchten fan in ferwoeden geast binne se sûnder mis de grûnslach fan it lânskip dat my yn de besnijing hat. Wa hat de skeppingsdrang fan dizze skilder noch noait yngreven op him ynwurkje litten? It opera omnia lêst ommers as in boek mei eksoatyske printen. Of klinkt dat oerdreaun? In deade boel is it seker net. Alles wat er - sa te sjen rap en mei rûge kwasten - staljûn hat libbet suver.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Tiden hawwe tiden. Dêr't de reis fan de tamtearre keunstner al fierhinne dien wie - de âlde roeken boppe it nôtlân soe er koartby skilderje - giet in oar syn reis fierder. It ynliste wurk fan skilders is faak net folle mear as in dekor foar passanten. Op inkele oanbidders nei stiet it measte fakânsjefolk en de flaneurs dy't ha ferfele net lang stil by in skilderij. Even prakkesearje en dan rinne se wer troch. Wat bist sels? freegje ik my of, wylst ik de stadige omgong fan it ferwûnderjen en it bewûnderjen yn my opnim en: wat sjocht in oar wat ik net sjoch?