Jûchhei, it is safier! Lang
om let waaie
de bûthúsdoarren iepen.
Bolbjirken
stowe bûnte balters yn ’e
bûtenloft.
En op it gers fan it grutte
greidteater
spatte de kij mâltjirgjend
út ’e bocht.
De toan is set! It golle
maitiidsliet klinkt
lykas hiphoprap yn in
Idolsshow mei fette
rock en roll. De x-faktor
fan it feeballet
lûkt minsken by de rûs,
supersljocht nei
it spektakel fan de populêre
frijheidsdûns.
Al is it nuver spul fansels,
dat jong en âld
efter it stikeltried him as
in keppelbist
mar amper yn ’e stringen skikt,
wylst it fee
dêr’t se foar komme har wyld
en gysten
foar dat frjemde apefolk te
pletter skrikt.
Mar och, in ko is mar in ko.
En ek de pink,
it rier of hokkeling hat net
folle benul fan
it tipelsinnige gedoch fan
al dy deitoeristen.
De bisten wolle inkeld
graach it lân yn om te
swingen en dat sjocht de
bolle ek wol sitten.
Nee, it is net ferkeard en
jou de kij wat romte,
dat smyt foar elk in protte
wille op. Boppedat
kin men der ek noch wat fan
leare. Want wat
oars yn ’e skimer fan ’e
stâl ferburgen bliuwt,
komt bûtendoar yn folle
gloarje foar it ljocht.
‘Wat is dat no?’ wiist in
jonkje nei it skodzjen
ûnder in kowesturt. ‘Dêr
komt de molke wei’,
laket syn heit. It baaske
rekket fuort optein
oer de grouwe boarne fan it
wite focht, grif
dat er dêrom happich seit:
‘Ik wol ek sa'n ko!’