fersinne

Dit is in sin dêr't oer neitocht is. Dat is net sa bysûnder, want dat is mei de measte sinnen faak sa. Foardat der in knappe rigel fan makke wurdt, is it net ferkeard en stean in skoftke of langer by de wurden stil. Betochtsum wat optinke dat is de baas, dan kinst dy wilens it proses nochris betinke. Oer de styl en struktuer bygelyks, mar ek mei belied oer de skrapkes en dakjes en ferskate aksinten. Want beried giet foar de died, dêr hoege we gjin wurden oer te ha. Goed trochtinke dus, om dy mar net te fersinnen. Al soest soms graach wolle dat it skriuwen hielendal folautomatysk gong, as mei in ûnsichtbere hân oan de muorre. Bygelyks mei in magyske formule om mei in sinfolle sin de stilte te ferbrekken of tsjin de leechte yn de holle. Ja, skerpsinnich wurk wat de lêzer ta neitinken stimt en as in byldzjende komposysje de ivichheid fertsjinnet, dat soe wat wêze. In sin dy't yn ien kear in geve, linige konstruksje wurdt en dan rint as in klok. Al is dat stinnen fan it hifkjen en skiftsjen ek wol wat wurdich. Mei de nije stavering is it der trouwens net better op wurden, mar lit ik dêr fierder mar net oer begjinne. Ik tink leaver nei oer moaie sinnen en de estetyske kar foar wurden om wat te skeppen dat my nei't sin is. Om de wille fan de sinnen dy´t klinke as in melody. Dat kinne lange of koarte wêze. It kin de earsten of de lêste wêze of samar ien ergens ûnferwachts tuskenyn. It kin in sin oer leafde en frijheid wêze, oer lilkens en leagens of oer haat en de dea.  Hoewol dat net sizze wol dat der dan gjin ûnsin stiet, lykas faaks yn dit stikje, dêr´t oars ek goed oer neitocht is.