skiednis

Derút giet yn´e regel flotter as deryn, dat wie myn ûnderfining dêr doe ek wer, doe´t ik it lân ferliet. De fleanfjild rûtines ferrûnen flot. Wol mei de riem út de broek, op sokken troch de sken en alle ynhâld út de bûsen yn in bakje. Ek it: hannen omheech, foar dy sjen en knippe naam amper tiid. Op 'e longfoto by de spesjalist duorret langer. It fûillearjen wie foar de feroaring gjin hânwurk, mar waard mei in elektroanyske stok útfierd. Even ûnder de oksels by de mouwen del rûtse, dan nei ûnderen en by de ankels wei binnentroch omheech nei it krús. Ik liet it moai gewurde. It is ek net ferstannich en sis der wat fan. Hielendal net yn in lân dêr't populistyske mieningen ek al lang swierder lykje te weagjen as arguminten. Unwillekeurich hâldst wol oeral rekken mei. Ik hie 't my sadwaande wer goed oan tiid dien. In slach oer 5th Avenue hold ik moarns koart. Al kaam dat ek troch de drokte by de hege toer fan de presidint-elect. Dêr wie hast gjin trochkommen oan. Elkenien woe it gouden bolwurk sjen.  En de oandwaanlike protestearjende famkes. Swijend, as stimmen se mei har yn, rûn it folk der wat ferdwaasd by del. 'Keep walking! Keep walking, skandearren in pear polysjemannen fan it heale korps dat rûnom nonsjalant achter de hikken stie. Ik makke wat foto's. Dat dienen de measten by dizze nije attraksje. Filmploegen ynterviewden omsteanders. Wa fan de foarbygongers soe hjir bliid wêze, frege ik my ôf. Oan de gesichten te sjen net folle. Keep walking, dreunde it yn myn ear. Ik fielde my mear in bûtenlanner as de dagen derfoar. Mear as op alle oare reizen dy't ik diskant oer makke hie. It fielde as stie ik op in lege bledside fan in wichtich nij skiednisboek.