mobyl

Beweging is feroarje fan plak yn de tiid. It gean om it gean en om ergens oan te kommen: dat beweecht ús wêzen. De ierde draait, de sinne baarnt en it hielal waakst einleas yn de romte. It bewegen om it bewegen. As in motor dy't altiten rint en de tiid bringt dêr't wy nea komme. Wêrt it hinnegiet witte we net. Dat is it keunstje fan de ivichheid. Dêr kinst fan alles fan tinke en noch mear fan sizze, mar de tiden feroarje, dat feroaret net. Dêr is  ek al genôch oer skreaun. Wurden binne gjin iepenbiering. Der is gewoan neat tsjin yn te bringen. It is de tiid sels dy't it him docht. En it minskdom? Dat stiet ek net stil. Altiten yn beweging. Oarloch en frede. Revolusjes en rampen. Folksferhûzings en al of net demokratyske ferkiezingen, om mar ris wat te neamen. Wêrom? Dat soest wol ris witte wolle. Wa' t it by de ein hat hoege we ús net ôf te freegjen, mar wol 'wat'.  Wat is it, dat de gong der yn hâldt. Wat beweecht de beweging? Wat foar motor driuwt dy mâle krachten. En as der dan gjin rem op sit, wêr sit yn 'e frede dan it stjoer?