drone


Dat ik yn 'drone' bylden dreamde, dat die my gjin nij, dat it fertroude bylden wienen, dêr seach ik fan op. Better sein: ik seach der op del. Yn 'e rûs fan lichtens  eage ik nei ûnderen en naam op de termyk it ierdske skreppen út 'e hichte waar.  De fêste grûn dy't ik ferlitten hie strûpte yn de djipte ûnder my troch. Sângrûn, wetter en klaai.  Rjocht en sljocht. Fierderop gluorke de kime tusken de see en de wolken. It wie likernôch as hie ik mysels as in draak oan in tou op ûnberikbere hichte brocht en doe liet ik los.
Ik sweefde. Ik glierde. Ik dreau stadichoan fuort. Wat wie 't in wûnder. Ik koe gjin ûnderfining betinke dy't my ea sa'n yllúzje fan frijheid joech. De grinsleaze loftromte  behindere my net en stelde gjin betingsten. Ik krige de geast fan de wyn. Wa betinkt soks?
Wat lytser de wrâld waard, wat grutter de kaart.  Google maps die der net folle foar ûnder.  Swinkend fan streetview nei earthview fersûpte it dak fan myn hûs yn in griemmank fan streekjes, stipkes en flekken op in grutte griene plaat. De ierdske skeal fan de hjoeddeistige beskaving dêr't  it wrâld-wide-web syn ûnsichtbere triedden ûnwrikber fêst oer hinne spand hat.  Yn dy mjitte docht de yndividuele minske der amper noch ta. Myn flecht like dêr lykwols folslein fan ferlost. It fleach frij yn de tiid fan it ljocht en ik frege my ôf:  Wêr gean ik hinne? Hoe sil it komme? Is dêr jinder noch wat om nei út te sjen?