twaspjalt


De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige blikke. It raffelich reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te nei komt.
Ik sjoch ien wite reager, wylst der foar de winter wol acht omteagen. Wêr binne dy bleaun? Blauwe reagers, binne der noch genôch. By de sleatswâlen del, yn de groppen en tusken it reid spylje se, as iensume wachters yn âld baitsjes, de baas fan it fûgeltsjelân. Op har wite neven en nichten stean se net te wachtsjen. Wat docht dat fine fûgelguod hjir, sille se wol tinke. Se komme út Sûd Europa wist ik. Sûnt in nij klimaat ús temjitte komt hat de wrâld foar har ek gjin grinzen mear. As ymmigranten moatte se it lykwols gauris belije. Dêr’t in wite him om fretten deljaan wol, dêr komt in blauwe him faak fûl oer it mêd. Twaspjalt yn de petgatten. Nuver, want der is romte genôch.