Weromreis
En
dan wer fierder
oer
de heidehichten,
troch
de tichte bosken
en
de licht dynjende
delten
fan it âlde lân.
Nei
de doetiid fan de
oerboeren
en bouwers,
grêfdollers
fan bedobbe
en
ferhoalen spelonken:
útrûpele
troch rôvershân.
Grêven
as skipswrakken
oanspield
yn it drûge sân,
dêr’t
de ferballe sielerêst
yn
ivichheid ferflein is
mei
it jiskestof fan bonken.
Op ’e
weromreis sykje ik
dêr
gjin steun en stipe
of beskûl
tsjin rein en kjeld,
in
ûnderkommen fan granyt
is
myn einbestimming net.