stilte


Le Silence

Yn de taal fan de stilte 
kinst neitinke oer de sin 
fan it nuodlike bestean 
mei in hân ûnder it kin.

Of kinst yn kontraposto 

stilswijend en berêstend

de skiedkundige sprieding 

fan de iuwen oereagje. 


Kinst likegoed ek blyn 

en mûledea fêstbûn

de tiid yn it tsjuster slite, 

om revolúsjes, oarloggen

en pandemyen te ferjitten.


Dochs altiten klinkt de taal 

fan de stilte as it libben

mei wurden fan ferbylding 

en dreamen dyts’t dy 

noch yn’t sin bringe kinst.


Dat is de swijende stilte 

fan de ûnskuldige skientme 

yn brûns, moarmer en stien.