Thús



Ik fytste in slach troch de Wâlden,

omdat ik dêr thús bin, doch ik dat wol faker.

De loft wie blau op wat lichte bewolking nei

en de beammen rûkten suver al wat grien.

It wie spitigernôch noch lang gjin Maaie, 

der stie in kâlde wyn, dêr koest dy mar 

op klaaie en dat hie ik dêrom dus ek dien.

 

Ik fytste oer diken by âlde spultsjes del,

dy’t as lúkse wenhûs omboud waarden: 

âlde buorkerijen, út in tiid fan ivich Maaie.

Lykas de simmers tusken al dy griene wâlen,

mei beampilaren dêrst sa moai yn klimme koest 

om fier oer de kâlde klaai en it waad te sjen, 

hoe’t jûns it fjoertoerljocht begong te baarnen. 

 

Ik fytste lâns doarp en lân oer âlde paden

by in deastil hôf mei kâlde stiennen del,

mar altyd oeral lâns dy lange, lange rigen

al hast grienbeklaaide beammen yn ’e wâl.

It like wol as wie it Maaie. De wyn waard 

stadichoan in bytsje waarmer, dat ik die  

de rits wat los, mar ik hold de jas wol oan, 

want it wie noch lang gjin… simmer. 

 

Ik fytste yn de wrâld fan joviale klysters,

dy't al tige sjongsum wienen, krekt as wie’t

al Maaie. Sa dwaalde ik oer fertroude paden.

De wyn helle justjes oan, dêr koe ik skoan mei

nei hûs ta waaie. It soe ek net lang mear duorje,

dan stienen de hagetoarnen wer te bloeien.

De tiid datst lykas doe, wer yn de koarte broek

te fytsen koest. Dan fiel ik my sûnder mis grif 

folslein wer thús yn de Maaie fan de Wâlden.