Tachtigers


 


Louis Couperus  (1863-1923)

MOARN (Uchtend)

De mist, út sulveren pearels weefd,

lit yn de rôze skimer fan de moarn

lâns de skeante fan it grize heuvellân,

syn wâljende waas nei it Westen sweve.


Oan 'e kime hat, út in dûnzige dining,

in rôze wolk har gouden wjok ferheven.

Troch it drûge hout, dêr't de drippen beve,

sjit de earste pylk syn skelle skittering.


En triljend rize ranke populieren

út de kâlde dou, dy't syn wale 

mei flarden streamend slierkje lit.


Gjin ljurk sjongt dêr moarns in liet;

de stilte liket oan wjukken fan lead te hingjen;

inkeld yn de fierte rûst de see syn hymne…




Herman Gorter    (1864 - 1927)


Lykas de see mei einleas dynjen

balansearret as in effen flak,

hat de waaksende loft it ûngemak

om ynstabyl yn ’t opgean te ferdwinen.


En dochs binne se ien ferskining

yn it fûle rûzjen fan de wyn, mei sûnder mis

it oanboazjende geroft en it skomjende sissen

fan de oeral yninoar skowende dining.


Sa stean ik hjir efter in wite berch

fan dunsân yn in bekoarlike delling,

de lichte raaien binne mannich en ferlegen,

de berch mei in rûne top is heech

en sober is de seerook fan it stowen,

hjir yn dit skerpe sân dêr’t ik rêste wol.





Willem Kloos (1859 -1938)


FAN DE SEE


De See, de See rôlet einleas troch yn har dining,

De See, dêr't myn Siel himsels yn wjerspegele sjocht;

De See is as myn siel yn wêzen en ferskining

Se is in libbene Skientme en kent harsels amper noch.


Se skjinnet harsels yn ivige suvering,

En altyd keart en komt se werom fan har flecht,

Se drukt har út yn tûzenfadige belining

En sjongt in ivich fleurich en ivich kleigebed.


O, See, wie ik lykas Jo yn al Jo ûnbewuste wêzen,

Dan soe ik folslein en alhiel gelokkich wêze;


Dan hie ik foarearst gjin begearte nei minsklike lust,

of fan minsklike freugde en minsklike pine lêst;


Dan wie myn Siel in See, en har selsberêsting,

Soe, omdat Se grutter is as Jo, noch grutter wêze.