BERGEN




By Bergen en oan see

Oer de lange, griiskeale dyk,
troch it bewrotten, griene lân,
oer de wulvjende, brede dunen
nei in see fan ljocht by it lege strân.

Blinkende, blanke, ferblynjende dining,
as yn in âlde beriming fan de dichter
Roland Holst, dy’t ticht by de see wenne
en der nei alle gedachten ek wol ris kaam.

Underweis yn bosk en dunen wjerklinke
suver noch syn wurden, ûnfiember sprutsen
yn it fierhinne ûnberutsen, lústerjende leaf.

‘Wat wie hat west’, stiet op de graugrize
stien by syn grêf, in rizige rots fan ienfâld
foar in taalestheet op it fredehôf fan Bergen.

Op itselde hôf leit syn freon E. du Perron,
dy gong him jierren earder foar, doe’t er sa
ûnfortúnlik yn de earste oarlochswike stoar.

En wat fierder rêst, as de fisker fan Ma Yuan,
de dichter Lucebert, mei syn oarlochsgeheim
begroeven, ûnder de kleuren fan eigen hân.