yn de fal




IN SINKEND WREK


Wachtsje op in skip
dat al fuortfearn is,
sûnder datst it witst
it sil dy mar oerkomme.

Dan stiest dêr ferbjustere
en tinkst en hopest ek,
datst him yn de fierte
noch oankommen sjochst.

Krekt as hearst minsken laitsjen
en klinkt jinder musyk,
wurdt der faaks in glês heefd?
Lûd oer it wetter draacht hiel fier.

Ferslein kringt it ûnk
dat dy oandien is ta dy troch,
it is Rot en net te begripen,
mar it skip is fuort.

Yn ’e fierte sjochst
de tsjustere seilen krimpen,
it liket wol in sinkend wrek
en dan witst, dy komt net werom!

Al koe’t fansels ek minder
ast yn ’e gaten krigest,
datst yn de Rottefalle oan de Lits
te wachtsjen stiest, ynstee fan oan de Styx
en se dy net fergetten wienen.



 

twa


Tegearre
 
De stjerrestilte fan justernacht
wie sichtber helder,
doe’t ik nei it tsjuster harke.

It wie om fjouwer oere hinne,
mei de sliep bjuster, siet ik bûten
te wachtsjen op it earste ljocht.

Dat kaam earder as ik tocht,
yn it easten, krekt boppe de kime,
krûpten twa glinsterjende fenomenen
stadich omheech: Jupiter en Venus!

Deun byinoar glommen se
as in fereale pearke,
dat tegearre yn konjunksje
foar de ivichheid posearre.

Stel dat it in supersonyske klap
wurdt tocht ik, in nuvere streek
fan in megalomane autocraat,
dy’t de apokalips oanjeie woe.

Nee dus, want ear 't it tútsjen begjinne soe,
dêr’t ik fansels al op hoopte
ferdwûnen se ien en mien
as snie yn it ljocht fan de sinne.


De Wyn


EOLUS

Nim, sis ik,

nim my yn acht, bêste silers!

Ik bin der om myn slach te slaan

sa’t gjinien dat ferwachtet

en dêr’t gjinien foarwei wine kin.


Nim jimsels ek yn acht en wês wach!

By nacht ûntnaderje ik jim
inkeld de sliep, mar oerdei bin ik 

in wikselfallige oerkracht yn de seilen.


Ik jei de mounewjukken oan,

ik draach de fûgels yn har flecht,

ik lit de sterkste beammen bûge,

ik giselje it sân fan de woestinen,

ik bou weagen op seeën en marren,

ik bin de duvel yn elke brân.


Myn macht is in ûnsichtbere hân,

dus fersaakje net en harkje goed 

nei myn ferrifeljende lûd,

de gjalpen dêr’t ik mei uthelje kin

binne gauris in helske kwelling.


Ik swear en bear, mar ik liich nea.

Ik blaas it libben yn jim seilen.

Nim my yn acht, sa’t ik jim sis, bêste silers

en ik sil jim gerieve op alle reizen.