twa


Tegearre
 
De stjerrestilte fan justernacht
wie sichtber helder,
doe’t ik nei it tsjuster harke.

It wie om fjouwer oere hinne,
mei de sliep bjuster, siet ik bûten
te wachtsjen op it earste ljocht.

Dat kaam earder as ik tocht,
yn it easten, krekt boppe de kime,
krûpten twa glinsterjende fenomenen
stadich omheech: Jupiter en Venus!

Deun byinoar glommen se
as in fereale pearke,
dat tegearre yn konjunksje
foar de ivichheid posearre.

Stel dat it in supersonyske klap
wurdt tocht ik, in nuvere streek
fan in megalomane autocraat,
dy’t de apokalips oanjeie woe.

Nee dus, want ear 't it tútsjen begjinne soe,
dêr’t ik fansels al op hoopte
ferdwûnen se ien en mien
as snie yn it ljocht fan de sinne.