De Wyn


EOLUS

Nim, sis ik,

nim my yn acht, bêste silers!

Ik bin der om myn slach te slaan

sa’t gjinien dat ferwachtet

en dêr’t gjinien foarwei wine kin.


Nim jimsels ek yn acht en wês wach!

By nacht ûntnaderje ik jim
inkeld de sliep, mar oerdei bin ik 

in wikselfallige oerkracht yn de seilen.


Ik jei de mounewjukken oan,

ik draach de fûgels yn har flecht,

ik lit de sterkste beammen bûge,

ik giselje it sân fan de woestinen,

ik bou weagen op seeën en marren,

ik bin de duvel yn elke brân.


Myn macht is in ûnsichtbere hân,

dus fersaakje net en harkje goed 

nei myn ferrifeljende lûd,

de gjalpen dêr’t ik mei uthelje kin

binne gauris in helske kwelling.


Ik swear en bear, mar ik liich nea.

Ik blaas it libben yn jim seilen.

Nim my yn acht, sa’t ik jim sis, bêste silers

en ik sil jim gerieve op alle reizen.