it wûnder



It skoutoaniel fan de skilder leit as in ramtfertelling iepenteard foar my. Ik bin publyk, dan sjochst op de earste rang de foarstelling net oer de holle en kin ik mei de oare taskôgers de eagen goed de kost jaan. Nijsgjirrich en de mûle iepen fan fernijing. De meunsterjende kloft is betsjoene. Wat giet der yn har om? Stean se stil by de tiid fan de skilder? Sjogge se troch syn eagen hoe't er yn it libben stie? Se meie syn masterwurk grif lije. Se sille it letter ek moai meinaam fine dat se it sjoen ha. Dêr kamen se ommers se foar. 
Goed sjen ferget geduld en dat falt net ta. Guon gowe alle kanten út. Wat nimt sa´n omsteand laach eins yn him op? Mooglik freegje se har fan alles ôf. Der giet ek hiel wat yn my om. Oer it wûnder fan de ferbylding bygelyks. De trochsnee taskôger ferpleatst him miskien wol yn it ferhaal op it doek om him mei ien fan de karakters te identifisearjen, lykas in lêzer dat docht yn de wrâld fan in boek. Ik kin it my yntinke: it is de ferlieding en de oanstriid om te flechtsjen út de realiteit. De skilder sil it sa bedoeld ha.
Ik
 slach de útstutsen hân fan de deade protagonist lykwols ôf. De ferlieding om oer de grins fan de tiid te stappen krijt by my gjin kâns. Ik hâld mysels net foar de gek. Ik draai my om en stap út it fakuüm fan de ferbylding dwerstroch it tableau vivant achter my. Wylst ik it heden rûk en fiel, spilet in oar ferhaal my troch de holle. It teater fan myn eigen wurden. Mear as samar wat gedachten. Langer as in dream. Perfoarst gjin magy. Ik leau yn de fiksje fan dit libben. Slagge it my mar om dat yn krekt sokke sprekkende bylden as fan dat skilderij op papier te krijen.

omgong

Ja, it is it lôgjende ljocht en de woelige kleurensee: turbulint en rûzich as in twirre. As fruchten fan in ferwoeden geast binne se sûnder mis de grûnslach fan it lânskip dat my yn de besnijing hat. Wa hat de skeppingsdrang fan dizze skilder noch noait yngreven op him ynwurkje litten? It opera omnia lêst ommers as in boek mei eksoatyske printen. Of klinkt dat oerdreaun? In deade boel is it seker net. Alles wat er - sa te sjen rap en mei rûge kwasten - staljûn hat libbet suver.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Tiden hawwe tiden. Dêr't de reis fan de tamtearre keunstner al fierhinne dien wie - de âlde roeken boppe it nôtlân soe er koartby skilderje - giet in oar syn reis fierder. It ynliste wurk fan skilders is faak net folle mear as in dekor foar passanten. Op inkele oanbidders nei stiet it measte fakânsjefolk en de flaneurs dy't ha ferfele net lang stil by in skilderij. Even prakkesearje en dan rinne se wer troch. Wat bist sels? freegje ik my of, wylst ik de stadige omgong fan it ferwûnderjen en it bewûnderjen yn my opnim en: wat sjocht in oar wat ik net sjoch?

licht


wat heger sicht, wat lichter dagen,
mei langer ljocht fier út´e hichte
is de sinneskyn ferhevener, it kin
it libben drage as swellen op´e trie

tuike oan

Wêrst ek bist, oeral ferhâlde tiid en ôfstân har ta inoar lykas tekst mei papier. Dochst it mei beide tuike oan om der troch te kommen, dan nimst it measte op. Easy does it dus ast feitlik nergens hinne hoechst. Dat avensearret fansels net bot, mar stadige wegen binne gjin omwegen.
En wêrst ek hinne giest, it each wol sines ek ha. Te foet hifkje ik de stêd op syn merites. Foarkommen, foarm en folume, ik kin der net omhinne. Yn 'e hichte, breedte en djipte beslacht de omfang fan fêste massa it blikfjild. Suver oer en tefolle, it is amper noch út te meitsjen wat wol of net besjen lije kin. It grutte ferskaat fan gevels wjerspegelt âld en modern en yn har skaad krewearje de minsken yn in drift om te oerlibjen. Dat it tempo fan in metropoal heger leit as minent sit my nergens yn´e wei.

Dat nergens nimt de romte dy't ik wol brûke kin en dy romte is in ferhaal mei in iepen ein. Letter foar letter druk ik dy ynfal yn de notysje-app fan myn tûke telefoantsje. Tink ik lykwols wat djipper oer de wurden nei, dan wurdt de fergeliking hurd minder. Alle ferhalen ha ommers in definityf ein, sels as de reade tried nei in soad omwegen wer by it begjin útkomt, krekt as in reizger dy't lang om let wer op it tsjinoerstelde plak fan syn bestimming belânet. Dat is net myn ambysje. Ik bin ab ovo fan hús tein. It liedmotyf driuwt noch op de wynfearren fan myn gedachten. Om de gong der yn te hâlden brûk ik oeral en nergens wat my ynfalt, al leart de ûnderfining dat soks yn de measte gefallen gjin grutte ivichheidswearde hat. Mar dat docht trochstrings letter pas bliken, ast by tafal de oantekeningen wer ûnder eagen krigest. Wêrst ek mar bist.

it begjin

De earste dei fan in reis is net deselde dei as dy wannearst bepakt en mei de gedachten al fier yn´e fierte it eigen hiem ferlitst. Dy dei is inkeld in oanset mei it doel om te wennen oan it materiële ferfier en om de ballêst yn 'e holle kwyt te reitsjen. Mei oare wurden: der moat op syn minst in nacht ferrinne, wol in te slagjen reis definityf fan start gean. In goed boek set ek net altiten op de earste side út ein.
Dan, nei de earste nacht, as de sliep op in wjerstribbich kessen it ier en betiid oerjout, dan is de twadde dei feitlik it echte begjin. De nijsgjirrige macht fan de ûngewoante slacht foar master op en it wurdt pas goed dúdlik dat de deistige werklikheid feroare is. Tenei skriuwt it libben him oars. Elke ôfstân tusken twa plakken fan tiid wurdt in part fan in nij ferhaal.
Op de twadde dei kinst ek de bepakking even stean litte om mei minimale omballingen as in nomade yn it oerwâld op ferkenning te gean. Lykwols, foar in behâlden thúskomst sil earst de kaart fan de neiste omkriten goed ynprinte wurde moatte. Fannijs de wynstreken op it persoanlik kompas bystelle kin ek fertuten dwaan. En mei alle sintúchlike antennes omheech, om benammen de omslach fan lucht en lûd op te nimmen, kinst ek it ljocht as tiidfaktor op dy ynwurkje litte. Dat doch ik, as ik út it hotel wei yn it noch net ûntdutsen libben stap. Gjin noed oer tûkelteammen, it giet fansels. Lichte strjitstiennen drage my tusken rizige muorren. Grutte finsters litte my achteleas gean, tagelyk fljocht alles wat beweecht tsjin de tried yn op in meter by my del. Stikje by bytsje groeit it jongste ûnthâld yn in rûzich dekôr. De reis siket syn earste paad.

it doel

Ik dreamde yn in taal, dêr 't ik fan woe dat it minent wie. In taal dêr't ik my thús yn fielde. In waarm lûd, fol unike klanken en eigenwize wurden, dat woeks as in wielderige tún dêr't ik altiten frij yn omrinne koe. It wie de taal fan in lân sûnder regels en grinzen. Wat wie ik gelokkich, dat ik mei dat fermogen om my te uterjen gjin muoite hie. De wurden kamen my as eigen oer de lippen en de sinnen breiden har as in kleurrike tried ta in byldzjend gehiel. It die ek bliken, dat ik poerbêst ferstie wat elkenien te sizzen hie en dat alles wat ik sels sei foar in oar beslist ek net min te begripen wie. Dúdliker koe ik my yn in oare taal net meitsje. Ik koe der yn roppe, raze en sjonge. Ik koe der yn flokke, yn gûle en ik koe der yn laitsje. It joech neat hoe't ik it sei. It wie de taal fan myn djipste tinken. Ik liet myn gedachten der frijmoedich yn gean. It joech my rie by twivel en learde my de keunst om te redendielen. Ik stie mei dy taal midden yn dizze tiid. It wie tusken myn berte en dea de basis fan myn bestean, mar ek in wichtich middel om by de gewoanste dingen stil te stean. It wie myn wize fan oerlibjen. Koartsein: dy taal wie myn doel. 
Dy taal stie foar in autentike kultuer. Har wurden wienen goed te lêzen foar elk dy't it mar woe. De sinnen sprutsen ta grutte ferbylding en fan meinimmende ferhalen wie altyd ferlet.  Dy taal stavere de moaiste gedichten en lieten. Alles wat der yn skreaun waard libbe as in hert. 
Ik dreamde fan in taal dêr't ik fan woe, dat ik der mei flaters yn skriuwe koe, omdat dat der neat ta die.

wei

oan it IJ

rekken de simmerdagen
stadichoan wei, ik koe net
mear fine wat my ûntsketten
wie, fergetten wie alle tiid
dy´t ik net misse woe, lykas
de nacht nei de langste dei.


by de mar (9)


lies ik myn eigen wurden
yn it spegeljende wetter,
ik harke nei in sinnich lûd
en wist yn in refleks daliks,
dat wat ik yn dy wjerskyn
seach sels net betinke koe.