waansin



Ik ha in kastfol wurden
dy´t ik rûk, fiel en priuw
om by stil te stean
en yn my omgean lit.
Ik ha in keamerfol ferhalen,
dêr't ik sit, lês en tink
om yn om te slaan
en it sin syn gerak net ûntnim.  
Ik ha in húsfol bylden
dy't ik ferlear, fûn en bin
om my by te bliuwen.
Se dogge my tinken
oan wat ik betinke koe
om op te skriuwen
mar mei in mûlfol tosken
ferswij oan it bestean.

de optinker


De mins is in ferhaal sei de filosoof yn it filosofysk kafee fol mei minsken. En sa stapte de tinker, dy´t tocht dat er wie, as protagonist en ferteller yn in nijsgjirrich ferhaal. Syn ferhaal gong oer mear as iensidige kommunikaasje, sa die bliken. It gong oer de macht fan fertelde ferhalen dy´t as de werklikheid yn´e geast fan minsken hingjen bliuwe. Bygelyks de grutte ferhalen fan de myten en de sêgen, faak mei de mislieding fan de religieuze leagen en de sympatike mearkes of parabels as lessen yn noarmen en waarden, mei de stichtlike moraal fan it goed en it kwea. 

Dus ik bin in ferhaal tocht ik, omdat ik dêr wie en wat sein waard ris goed yn my omgean liet, want ik bin ek in tinker, lykas in prater en ferteller. Mar wa is de harker, frege ik my ôf? Ik harke nei wat de filosoof noch mear te sizzen hie. Hy gong fierder oer it doel fan sosjale lagen fol emoasjes en antwurden op libbensfragen; oer de sin fan it bestean; oer de yllúzje fan it libben nei de dea en ta beslút oer it ûntstean fan ideologyske ferhalen, dêryn stie de mins as in god sintraal. En dêrmei wie it doe dien mei de grutte ferhalen. 


Bin ik no dan oan bar? tocht ik, as post-modernistyske optinker fan fiksje en reisferslaggen, de skriuwer dy´t as in Odysseus dwaalt en as Don Quichot striidt yn syn eigen ferhalen. Bin ik de gearstaller fan in libbensferhaal sûnder moraal en universele oriïntaasje? Sa besocht ik my yn it ramt fan it ferhaal in byld fan mysels te bepalen om der letter ferslach fan te dwaan. Om der nei wierheid oer skriuwe te kinnen. Mar ik liet it der al gau by sitte. De stof wie dreger as ik tocht en ik betwivele oft dy werklikheid oait wol by de minsken hingjen bliuwe soe.

raison d'être


Rom sicht yn it libben jout romte om te libjen oer de eigen grinzen hinne. In wide blik yn de fierte ferblinet dat ynsjoch net. It eigenwize perspektyf, sa fier it each rikt, docht je wol ris tinken: wêrom sljochtet elkenien syn grinzen net?  Al is it gauris in hiele toer en fyn it paad yn in plak fol libben en leven.  Mei fan gefolch ast dan ergens bist, datst dan bytiden amper witst hoe'st der kaamst of watst der sikest en mooglik noch dwaan gean silst of kinst. Hoechst der ommers net te wêzen. Hoechst der net te wenjen of tydlik te ferbliuwen, lykas in tourist. Of as de útfanhûzer dy't it rûm oan tiid hat, mar syn wei mar heal te finen wit, dat er him ôffreget wat er der docht en yn' e gaten kriget dat it der ek net om giet wêr't er is en likehurd ferjit hoe't er der kaam, omdat er wit dat er meidertiid dochs wer ôfreizge is.


en route


Komme en gean, dat liket tsjinstridich, mar it binne twa gegevens dy't inoar fine yn ien feit. Reizgje! It ynwikseljen fan it iene plak foar it oare. Reizgje is it paad sykje nei fertroude of frjemde oarden oer longerjende wegen, wylst de lucht rûkt as de wolken, it lûd ferwaait as it stof op de dyk en it ljocht ferrint mei de wizers fan de klok. Doarp, streek, stêd, lân. De reizger nimt it allegear grinsferlizzend waar. Tagelyk ferdwynt de reizger ek figuerlik oer de kimen fan it eachweid. Hy is ûnderweis yn de tiid. Hy fernuveret him oer de balstjoerige wrâld, mar stoareaget likefaak dreamerich yn it lânskip fan syn gedachten. Wat fierder as er komt, wat faker it ûnthâld him út de dize wei yn de macht kriget. Benammen as er op in âld spoar belânet. Dan wurdt in hinnereis ek in weromreis. Dan spylje him bekende bylden troch de holle en krije bleke foto's in heuchlike toan.
A la recherche du temps perdu? It soe kinne. Mar wêr sil er hinne as er werom is? Wat komt er tsjin op syn paad? Hoe sil er it ûnderfine? Want in protte fan doe is grif ferdwûn. It measte is him ek net bybleaun. Sykje? Nei alle gedachten bestiet der gjin ferlerne tiid, allinnich in oare. Wat weromfûn wurdt hoecht net perfoarst itselde te wêzen as dat wat men siket. It kwytrekke ferline is likegoed te finen mei it ynderlik each. Yn dat weromsjen leit de werklikheid fan it heden.  


nea


it skaad

It ferhaal fan de kleuren fan Mark Rothko is min te beskriuwen. Net omdat der safolle lagen yn sitte, mar ek omdat troch it ûntbrekken fan foarmen en linen it each gjin hâldfêst fine kin, wylst troch de kracht fan it diffuze ferskaat de kleuren in organysk en diminsjonaal karakter ha. Betink dêrom marris wat sinnichs te sizzen dat de lading fan it wurk fan Rothko dekt. Nee, it binne gjin opperflakkige oerflakken dy´t dizze skilder mei besieling makke hat. Yn in striid mei himsels en mei de matearje hat er besocht en lis it kleurspektrum op in hiel eigensinnige wize fêst. Alsa is yn syn oeuvre it útslachte skala fan de reinbôge yn in apoteoaze op it doek ferivige. In grut tal fan dy libbene kleurfjilden fan formaat folle op it heden de sealmuorren fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. En it sil it each fan de betûfte waarnimmer net ûntkomme: it read, giel, of blau fan Rothko hat in hiel oare wearde as dat fan Mondriaan of Barnett Newman. De ymposante kolleksje mei stoflike tinten binne ynderlike lânskippen betize yn in metamorfoaze fan emoasjes. Mooglik mei fan dy gefolgen dat it ljocht yn de suver astrale fjilden lang om let stadichoan dôvet. Geandewei ferdizenje de kleuren en sakket it tsjuster oer it libbenswurk fan de skilder. Griis driigjend as swiere wolken en swart djip as de nacht ferbeeldzje nei alle gedachten de lêste gong fan syn sykjen. Op de kleurskeal fan Rothko berikte er dêrmei grif it heechste effekt. Faaks fûn er yn dat skaad sûnder ljocht de stilte dy't er socht. Wa sil it sizze, it binne inkeld wurden yn it ferhaal fan in keunstner waans krewearjen min te beskriuwen is.

keunst

Wat net op in dei kin, wat net yn in wike past, wat romte ha moat en tiid brûkt om op te nimmen en delbêdzje te litten, wat ferwurke wurde moat om op syn wearde te skatten, dat kin op it Amelân yn Novimber. Fjouwer wiken lang  is achter dún en dyk en tusken see en slyk as hjerstblêd ferwaaid de weareld keunst te bewûnderjen. En dat seit wat! Folle net genôch! Op it platte flak en romtlik; it komt de taskôger ta.  Grut fan omfang en beheind fan formaat; it freget omtinken. Kleur en swart wyt; it lit him yn alle toanen jilde.  Realistysk  en abstrakt; it ferget nijsgjirrigens. 

Ja, der is keunst en keunst! En der ha keunstners en keunstners oer gearwest. It resultaat is in bjusterbaarlik ferskaat. Wa't der west hat, wa't der wolris sjoen hat, wa't bûtenút en binnendoar de muoite naam om it by del te gean, dy wit it. It belibjen is in hiele ûnderfining. It ûndergean lit in libbene yndruk nei. Wa't dit jier noch hinne wol dy moat oanmeitsje, want oars is it te let. Stap yn 'e boat. Set koers nei de iepen kime en ferlis dy benypte grinzen.